Springe nei ynhâld

Wapen fan Boelensloane

Ut Wikipedy
Wapen fan Boelensloane

It wapen fan Boelensloane is it wapen fan it doarp Boelensloane, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 1999 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Keperfoarmich trochsnijd fan read en goud, mei oer alles hinne krúsd in steker en in oplizzer mei de stâlen nei ûnder, fan it ien yn it oar; in griene skyldfoet belein mei in sulveren roas.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sinopel (grien) en sulver.

  • Stekker en oplizzer: ferwizing nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
  • Read fijld: ferwiist nei de eardere heiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Giel fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
  • Grien fjild: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de Fryske Wâlden.
  • Wite roas: oernommen út it wapen fan de famylje Van Boelens, de famylje dêr't it doarp syn namme oan te tanken hat.