Wapen fan Boarnburgum
Appearance

It wapen fan Boarnburgum is it wapen fan it doarp Boarnburgum, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2013 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Dield: I. yn grien in gouden punt opriizjend út de skyldfoet, fan boppen beselskippe fan in gouden rogge-ier; II. weagjend trochsnien fan swart en goud, mei oer alles hinne in toerkrús mei in hoanne en op de dwersbalke op de úteinen in leelje mei ôfsniene foet, pleatst op in bal op in punt, opriizjend út de skyldfoet, fan it ien yn it oer.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden punt: ferwiist nei it eastlike diel fan it doarp dat op in sânrêch leit.
- Swart fjild: ferwiist nei it westlike diel fan it doarp dat yn in feangebiet leit. De weagjende râne ferwiist nei de De Boarn, it rivierke dêr't it doarp syn namme oan te tanken hat.
- Rogge-ier: ferwiist nei de roggemûne dy't tusken Boarnburgum en Koartehimmen stie.
- Toerkrús: oernommen fan de toer fan de Protestantske tsjerke fan Boarnburgum. Dizze wynwizer komt fan de middeliuwske foargonger fan dizze tsjerke.