Springe nei ynhâld

Wapen fan Bakkefean

Ut Wikipedy
Wapen fan Bakkefean

It wapen fan Bakkefean is it wapen fan it doarp Bakkefean, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1999 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud twa griene flanken mei oer alles hinne in ferlege en Fersmelle dwersbalke, fan sulver op it grien en fan swart op goud; de flanken boppe de balke belein mei rjochts in rjochtopsteand gouden ikeblêd en lofts in gouden klaverblêd; it skyldhaad belein mei in read breedtearmich krúske, de skyldfoet belein mei in reade roas.

De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel, sulver, sabel (swart) en kiel (read).

  • Gouden fjild: ferwiist nei de deksânrêge wêr't it doarp op leit.
  • Griene flanken: ferwize nei it fean yn de omkriten fan it doarp.
  • Sulveren dwersbalke: ferwiist nei de Drachtster Feart.
  • Gouden ikeblêd: ferwiist nei de bosken yn de omkriten fan it doarp.
  • Gouden klaverblêd: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Read krúske: ferwiist nei úthôf dy't it Kleaster Mariëngaard yn it doarp hie.
  • Reade roas: oernommen út it wapen fan de famylje Van Eysinga.