Wapen fan Arum
Appearance

It wapen fan Arum is it wapen fan it doarp Arum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read in gouden peal, biladen mei trije swarte kammen, boppe-inoar pleatst.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kammen: oernommen út it wapen fan de famylje Van Cammingha dy't yn it doarp de Camminghastate bewenne.
- It wapen fan de famylje Van Cammingha.