Springe nei ynhâld

Wapen fan Appelskea

Ut Wikipedy
Wapen fan Appelskea

It wapen fan Appelskea (Stellingwerfsk: waopen van Appelsche) is it wapen fan it doarp Appelskea, yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf. It wapen waard yn 1980 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Keperwiis trochsnien: I. yn read, in ferhege net boppe de trochsnijing útkommende dwersbalke fan sulver, mei oan de linker- en rjochterkant trije turven derop fan sabel, pleatst ien, twa; II. yn goud ien op in gersfjild plante beam, op de hichte fan de stamme, oan beide siden in klaverblêd, alles fan sinopel. De top fan de keperwize dielline is in seispuntige stjer fan goud.

De blazoenearring yn it Stellingwerfsk is:

Kepersgewijs" deursneden. I in rood, een verhoogde niet boven de „deursnieding" uutkommende dwasbalke van zulver, mit an de linker- en rechterkaante drie turven d'r op van „sabel" (zwat), plaetst iéne, twieje; II in goold een op een grösveld plaante boom, op 'e hoogte van de stamme, an weerskaanten een klaoverblad, alles van „sinopel" (gruun). De toppe van de „kepersgewijze deellijn" is een zespuntige steern van goold.


De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, sabel (swart), goud en sinopel (grien).

  • Gouden punt: ferbyldet de Boskberch dy't by it doarp leit.
  • Beam en klaverblêden: ferwize nei de beammen dy't oanplante binne om sândrift tsjin te gean.
  • Wite balke: symboal foar de Opsterlânske Kompanjonsfeart.
  • Seis turven: ferwize nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
  • Seispuntige stjer: ferwiist ne de bân mei Eaststellingwerf.