Springe nei ynhâld

Wapen fan Allingawier

Ut Wikipedy
Wapen fan Allingawier

It wapen fan Allingawier is it wapen fan it doarp Allingawier, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sulver in swarte oansjende kowekop mei wyt plak op foarholle en reade tonge, beselskippe fan trije reade pompeblêden, pleatst 2:1.

De heraldyske kleuren binne: sulver, sabel (swart) en kiel (read).

  • Kowekop: ferwiist nei de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp.