Springe nei ynhâld

Wapen fan Aldegea (Smellingerlân)

Ut Wikipedy
Wapen fan Aldegea

It wapen fan Aldegea is it wapen fan it doarp Aldegea, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 1982 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsnien; 1. yn goud in griene befruchte ikebeam op in grûn fan itselde; 2. yn sulver in reade oansjende hartekop.

De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), sulver en kiel (read).

  • Ikebeam: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Haersma, dy't de Grut-Haersmastate yn it doarp bewenne.
  • Hartekop: oernommen út it wapen fan Smellingerlân.