Springe nei ynhâld

Wapen fan Aldegea (De Fryske Marren)

Ut Wikipedy
Wapen fan Aldegea

It wapen fan Aldegea is it wapen fan it doarp Aldegea, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 1992 regsitrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn azuer in oant de skyldrânen reitsjend rút fan goud, belein mei in burcht fan kiel, de burcht mei in dak fan fan azuer, mei in iepene poarte en twa finsters ferljochte fan it fjild; de brucht oan beide siden en fan ûnderen beselskippe fan turf fan sabel; yn de rjochterboppehoeke fan it skyld in leelje fan goud.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, kiel (read) en sabel (swart).

  • Blau fjild mei gouden rút: oernommen út it wapen fan it eardere wetterskip De Grutte Noardwâlderpolder. Aldegea leit yn it midden fan dit wetterskip. De kleur blau ferwiist nei de grutte oanwêzigens fan wetter yn de omkriten fan it doarp. It goud ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit.
  • Reade burcht: ferwiist nei de stins fan Ygo Gaeles Galama yn Aldegea.
  • Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Galama.
  • Trije turven: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn in earder feangebiet.