Wapen fan Aldebiltsyl
Appearance

It wapen fan Aldebiltsyl (Biltsk: wapen fan Ouwe Syl) is it wapen fan it doarp Aldebiltsyl, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2010 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen fan Aldebiltsyl is oerlevere yn in rymke: "In dissel met in byl, is 't wapen fan Ouwe Syl". In eardere ferzje fan it wapen hie in swarte skyldkleur.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Kepersgewiis trochsnien yn trije stikken grien , sulver en read, oer alles hinne in dissel mei de stâle nei ûnderen en in bile mei de stâle omheech; de dissel fan goud yn it grien en it read en fan grien yn it sulver; de bile fan goud yn it grien en it read en fan read yn it sulver.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, kiel (read) en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dissel en bile: oernommen út it rymke fan it wapen.
- Kepergewiis trochsnien: ferwiist nei de eardere slûs yn it doarp.
- Kleurstelling: oernommen út de flagge fan Aldebiltsyl, dy't al earder bekend wie.