Wapen fan Alde Leie
Appearance

It wapen fan Alde Leie is it wapen fan it doarp Alde Leie, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2001 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen fan Alde Leie wie al langer bekend, mar it wapen waard yn 2001 registrearre, tegearre mei de wapens fan de doarpen op It Bilt. It wapen is basearre op it rymke: "In mes met in skai, is 't wapen fan de Ouwe Lai". It gebrûk fan it mes yn it wapen soe ferbân hâlde mei de obehouwe ynwenners fan eartiidsk. Men soe gau geneigd wêze om in mes te lûken.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau in mes in sulveren lims en in read heft mei gouden knop en skiedingsstik en in goudem skie, beide pleatst neffens in skeanbalke.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, kiel (read) en goud.