Springe nei ynhâld

Wapen fan Ald Beets

Ut Wikipedy
Wapen fan Ald Beets

It wapen fan Ald Beets is it wapen fan de buorskip Ald Beets, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 2000 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Weagjend trochsnien: I yn goud trije griene lofterskeanbalken; II yn read in gouden klok, oan beide kanten beselskippe fan in goude leelje.

De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en kiel (read).

  • Gouden en griene skeanbalken: ferwize nei it grûngebrûk en de ferkaveling fan Ald Beets. It giel ferwiist nei de sângrûn en nôt. It grien ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan de buorskip.
  • Read fjild: oernommen út it wapen fan de famyljes: Fockens, Lycklama à Nijeholt, Fan Lynden en Fan Boelens.
  • Weach: ferwiist nei it diel "beets" fan de plaknamme, it betsjut beek en ferwiist nei De Boarn.
  • Gouden klok: symboal foar de "Beetster Brommers". Dat binne twa tsjerkeklokken út 1482 en 1520 dy't nei de ôfbraak fan de Adelstsjerke fan Ald Beets oerbrocht binne nei it Museum Opsterlân yn De Gordyk.
  • Gouden leeljes: oernommen út it wapen fan de famylje Lycklama à Nijeholt. Ek is de leelje in plant dy't in soad foarkomt yn de omkriten fan de buorkskip.