Wapen fan Akkrum
Appearance

It wapen fan Akkrum is it wapen fan it doarp Akkrum, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 1986 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen fan Akkrum komt foar op de 'Ackrumer Friesche Boere Almanack' fan 1671. Klaverblêden stiene ek op de wapens fan omlizzende doarpen. Ek op de doarpswapens fan Dearsum, Terherne, Sibrandabuorren en Aldeboarn stiene trije klaverblêden. Ek op it wapen fan Utingeradiel stiene trije klaverblêden.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read trije klaverblêden steande 1 en 2; boppe beselskippe troch in gouden kroan.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read) en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klaverblêden: ferwiist nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.