Springe nei ynhâld

Wapen fan Aenjewier

Ut Wikipedy
Wapen fan Aenjewier

It wapen fan Aenjewier is it wapen fan de eardere gritenij en gemeente Aenjewier. De flagge waard op 1 oktober 1816 registrearre.

It wapen is net langer as gemeentewapen yn gebrûk omdat Aenjewier op 1 july 1934 part wurden is fan de gemeente It Hearrenfean.

De balzoenearring fan it wapen is:

Fan sulver, belein mei tije griene beammen, tusken de stammen fjouwer swarte turven op in griene grûn. It skyld dekt mei in kroan fan goud.

De heraldykse kleuren binne: sulver, sinopel (grien), sabel (swarte), brún en goud.

  • Fjouwert swarte turven: ferwiist nei de eardere feanterij yn Aenjewier. It oantal fjouwer ferwiist nei de fjouwer doarpen yn de: Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat.
  • Beammen: ferwiist nei de wei mei beammen oan de siden wêr;t de fjouwer doarpen oan bouwd binne.


De fjouwer doarpen ha in âld doarpswapen. Yn 2008 hat it doarp/buorskip Gersleat-Polder ek in wapen krigen.