Wapen fan Achlum
Appearance

It wapen fan Achlum is it wapen fan it doarp Achlum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2016 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn grien in rjochter skeanbalke fan goud, belein mei in kromstêf, boppe en ûnder beselskippe fan in saneamde Achlumer dakpanne, pleatst yn de rjochting fan de balke, alles fan read; de skeanbalke boppe beselskippe fan in klok en ûnder fan in weintsjil mei acht speaken, alles fan goud.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud, kiel (read) en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skeanbalke: oernommen út it wapen fan Frjentsjerteradiel en ferwiist nei de Slachte.
- Grien fjild: ferwiist nei de griene omkriten fan it doarp en ferwiist nei it keatsfjild yn it midden fan it doarp.
- Kromstêf: symboal fan it kleaster dy't yn Achlum stie en symboal foar Gertrudis fan Nijvel, patroanhillige fan Gertruditsjerke fan Achlum.
- Dakpannen: ferwiist nei de produksje fan dakpannen. Ek ferbyldet de dakpanne de Achlumer Dakpanne, in oare foarm foar dakpannen.
- Klok: ferwiist nei de Marijeklok fan Achlum. Dit wie de lytste fan trije klokken dy't yn it klokhûs hongen. Dit klokhûs is ferdwûn en de Marijeklok is oerbrocht nei it Frysk Skipfeart Museum yn Snits.
- Weintsjil: oernommen út it wapen fan de famylje Van Offenhuysen dy't in stins noardlik fan it doarp bewenne. Ek ferwiist it tsjil nei it agraryske karakter fan it doarp.