Waltger fan Fryslân
| Waltger fan Fryslân Waltger fan Teisterbant | ||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Libben | ||||||||
|
||||||||
| houlik | ||||||||
|
||||||||
| Greve fan Teisterbant | ||||||||
|
||||||||
| Gerulfingen |
Waltger fan Fryslân, ek Waltger fan Teisterbant, (Walgerus of Waldger) (870 - nei alle gedachten 936)[1] wie yn it begjin fan de 10e eeuw goagreve fan Teisterbant. Hy hat nei alle gedachten tusken 898 en 914 syn heit opfolge.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waltger wie in soan fan greve Gerulf fan West-Frisia (stoarn tusken 898 en 914) en in broer fan Durk I fan West-Frisia.[3] Gerulf wurdt sjoen as de stamheit fan de lettere greven fan Hollân, de saneamde Gerulfingen.[4] Waltger boaske Alberade fan Kleef, de dochter fan greve Boudewyn fan Teisterbant en widdo fan greve Reinier fan de Maasgoa (stoarn ein 915).[5] Hy hie in soan Redbad (Radboud of Radbod).
Nei it ferstjerren fan syn heit urve er in tal lienguod besteande út de goaen of greefskippen Nifterlake (Utert), Isel en Lek en Teisterbant (fan Flaardingen oant Tiel). Tiel wie dêr de wichtichste sted fan. Dy gebieten hie syn heit bemachtige nei de dea fan Godfryd de Seekening.[6]
Troch it Ferdrach fan Ribemont yn 880 waard it Hartochdom Loataringen, dêr't Frisia de jure part fan wie, in hartochdom fan it Eastfrankyske Ryk. Om't ek de kening fan it Westfrankyske Ryk dêr oanspraak op meitsjen bleau, moast greve Waltger algeduerigen tusken alletwa foarsten hinne maneuvelje de macht te bemachtigjen.[7] Hy besocht yn it sintrale rivieregebiet in eigen greefskip te kreëearjen om it opkommende hannelsplak Tiel hinne. Dat late ta spannings mei Everhard Saxo, greve fan Hamalân. Lang om let waard Everhard yn 898 by in jachtpartij troch Waltger fermoarde.[4][8] Der is oppenearre dat it in wraakaksje wie foar de moard troch Everhard Saxo op Godfryd de Seekening, dochs dat is wol fierwei socht.[9][10][11] Yn 936 wie Waltger belutsen by de slach tsjin keizer Otto I de Grutte.[7]

Waltger hie naue bannen mei biskop Redbad fan Utert[12][13] en stifte yn of justjes nei it jier 916 yn Tiel it kleaster en de tsjerke fan Sint-Walburch.[14] De Dútske kening koe oer de tsjerke beskikke yn it foardiel fan it biskopssit yn Utert.[15] Yn 950 kamen tsjerke en kleaster yn it besit fan de biskop fan Utert en waard it Sint-Walburchkompleks in wichtich tsjerklik sintrum. Doe't der sels wûnders oan de hillige Walburga taskreaun waarden, waard Tiel ek in beafeartplak.[16] Biskop Adelbold II hat om 1000 hinne de Sint-Walburchtsjerke weropboud.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|