Springe nei ynhâld

Walter Meyer

Ut Wikipedy
Walter Meyer
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWalter Friedrich Meyer
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum14 septimber 1904
berteplakTangermünde
stjerdatum5 desimber 1949
stjerplakBuchenwald
sportive ynformaasje
sportRoeien
O.S.Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

Walter Friedrich Meyer (Tangermünde, 14 septimber 1904 - Buchenwald, 5 desimber 1949) wie in Dútsk roeier.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen mei Hans Eller, Horst Hoeck, Joachim Spremberg en stjoerman Carlheinz Neumann yn 'e fjouwer-mei-stjoerman.

Meyer wie keapman en direkteur fan in sûkerfabryk yn de stêd Tangermünde en kaam út in famylje fan yndustriëlen, dy't sûkelade produsearren ûnder it merk Feodora. Al yn 1933 wie Meyer lid wurden fan de NSDAP, as ferneamd lid fan de Nazipartij waard er yn 1945 troch de Russen oppakt en opsletten yn it eardere konsintraasjekamp Buchenwald dêr't hy op 5 desimber 1949 ferstoar, yn 'e âldens fan 45 jier oan de gefolgen fan tuberkuloaze.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: