Waltastate (Boazum)

De Walstate, ek Jongemastate en Waltastins, wie in aadlik hûs by Boazum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 15e iuw waard de famylje Jongema fermeld, dy't nei alle gedachten al op dizze stins wenne. Yn 1468 stoar Hessel Aedes Jongema, waans pakesizzer Pier Epes op de stins stoar. Pier Ypes wie in soan fan Epe Hessels fan Jongema en Jouck Agges fan Walta, dy't letter syn namme wizige yn Pier Epes Walta, nei syn mem. Ek de namme fan de stins waard doe wizige yn Waltastins. Yn 1540 stjert Pier Ypes Walta. lykas sein, op de Waltastins. Hy wie ek eigener fan de Unia stins te Ljouwert, mar omdat Pier him oansletten hie by de Geldersken dy't mei de Fetkeapers meifochten, waard him troch keizer Karel V dy Uniastins ôfnaam en oan de stêd skonken. Pier, dy't ek bekend stiet as Pier Ypes to Bosum en syn frou Bauck Worps fan Unia, fan Bears, binne beide yn de tsjerke fan Boazum begroeven. In sulveren tsjelk dêr't de nammen yn gravearre binne is bewarre bleaun.
Nei de famylje Walta waard it slot bewenne troch de famyljes Bronkhorst, Fan Aylva en Fan Burmania. Yn it begjin fan de 18e iuw ferervet de State op Anna Lucia Andriesa van Camstra, dy't trout mei ritmaster Menno Frans van Burmania. Hy lit yn 1740 de "sekere stins en húsinge staende op de wier fan Walta te Bosum" ôfbrekke, wêrnei't der skeel yn de famylje ûntstiet. Inkelde erfgenamten protestearje foar it gerjocht. De stins dy't tige ferfallen wie, de wier dêr't it hûs op stien hie, de swiere muorren, it ynterieur mei skilderijen, en de grêft en de singel mei esken wurde yn prosesstikken wiidweidich beskreaun.
Dy erfgenamten winne en de stins moat opnij oplutsen wurde. Menno is yn 1749 ferstoarn en syn sweager Ulbe Sixma fan Andla lit foar de werbou Sythiemastate te Hallum ôfbrekke en bout mei de sa ferkrigen kleastermoppen Walta State wer op.
De "Tegenwoordige Staat van Friesland" út om 1780 hinne meldt al: Voor niet veele jaren had men hier nog de State Walta. De boarnen sprekke inoar hjir tsjin. Neffens de "Tegenwoordige Staat" is de state al yn 1780 ferdwûn, wylst in twadde boarne it oer 1820 as jier fan ôfbraak hat, wylst Baerderadiel, in geakunde hawwe wol dat Walta State yn 1839 sloopt is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|