Springe nei ynhâld

Waldbreitbach

Ut Wikipedy
Waldbreitbach
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringNeuwied
ferbânsgemeenteRengsdorf-Waldbreitbach
Sifers
Ynwennertal1.944[1]
Oerflak6,39 km²
Hichte140 m
Oar
Postkoade56588
Koördinaten50°33'N 7°25'E
Offisjele webside
waldbreitbach.de
Kaart
Waldbreitbach (Rynlân-Palts-reliëf)
Waldbreitbach

Waldbreitbach is in Ortsgemeinde oan 'e Wied yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit yn it Natuerpark Rhein-Westerwald. Waldbreitbach falt ûnder de ferbânsgemeente Rengsdorf-Waldbreitbach.

Waldbreitbach waard foar it earst yn 857 ûnder de namme Bretpah neamd. Yn 'e midsiuwen hearde it doarp by it aartsbisdom Keulen, letter by de greefskippen Sayn en Nassau en yn 'e 19e iuw by Prusen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp hat noch in pear histoaryske bouwurken, lykas de Ölmühle (oaljemûne) oan 'e Wied, dy't oarspronklik út 1676 stamt. It is ien fan 'e âldste oaljemûnen fan it Rynlân.

De tsjerke waard yn 'e 13e iuw troch de Dútske ridderoarder stifte. Allinnich de toer datearret noch fan dy tiid. Yn 'e jierren 1876-1878 waard de âlde midsiuwske tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in nije tsjerke. Yn 'e lêste faze fan 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke troch artilleryfjoer slim skansearre. Nei de oarloch waard de tsjerke restaurearre.

De krúskapel súd fan 'e wenkearn oan 'e râne fan Hausen waard yn 1694 boud oan 'e igge fan 'e Wied. Yn 'e 19e iuw stie de kapel oan it begjin fan 'e twa troch Jakobus Wirth en Rosa Flesch stifte Fransiskaanske kleastermienskippen, dy't dêr yn in klús wennen.

Fan 'e eardere lytse joadske gemeente fan Waldbreitbach is it joadske begraafplak eastlik fan it doarp bewarre bleaun. De synagoge waard op 10 novimber 1938 oanfallen en ôfbaarnd.

Yn it Ortsteil Glockscheid op 'e Kapellenberg lizze twa kleasters mei neogoatyske tsjerken: it Antoniushaus (1891) en it Marienhaus (1863). It Antoniushaus docht tsjinst as psychiatryske klinyk. De kleastertsjerke fan Marienhaus is mei it grêf fan 'e yn 2008 sillich ferklearre Rosa Flesch in lyts beafeartsplak.

Waldbreitbach is bekend as „Weihnachtsdorf” (krystdoarp): yn 'e krysttiid is der in útstalling mei krysstâlen mei wol tûzen krysstâlen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: