Springe nei ynhâld

Wahlbergearn

Ut Wikipedy
wahlbergearn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthaukeftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaidwerchearnen (Hieraaetus)
soarte
Hieraaetus wahlbergi
(Sundevall, 1850)
IUCN-status:

De wahlbergearn of Wahlbergs earn (Hieraaetus wahlbergi) is in Afrikaanske fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). De soarte is ferneamd nei de Sweedske natuerûndersiker Johan August Wahlberg.

Wahlbergearn yn it Nasjonaal Park Kruger.

De wahlbergearn is in middelgrutte rôffûgel mei in lichemslingte fan 53 oant 61 sentimeter en in spanwiidte fan 130 oant 146 sentimeter. Op 'e kop sit in opfallend túfke en de poaten binne giel. It fearrekleed is tige fariabel, mar faak hiel donkerbrún. Lykas by de gewoane dwerchearn komt der ek in ljochtere foarm foar. Yn 'e flecht hat de wahlbergearn lange, rjochte wjukken, in slank lichem en in smelle, rjocht ôfsniene sturt. De wjukken wurde yn 'e loft hiel flak holden.

De fûgel libbet op 'e savannes fan Afrika besuden de Sahara. Hy is ek in kear as swalker yn Egypte waarnommen, op 3 maaie 2013. De wahlbergearn hâldt fan boskrike lânskippen, faak yn 'e buert fan wetter.

De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net ûnderferdield wurdt yn ûndersoarten. Earder waard de wahlbergearn yn it skaai fan 'e echte earnen (Aquila) set, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat er nauwer besibbe is mei ûnder oare de dwerchearn (Hieraaetus pennatus). Dêrom wurdt de soarte hjoed-de-dei by it skaai fan 'e dwerchearnen (Hieraaetus) yndield.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy libbet fan reptilen, lytse sûchdieren en fûgels. De fûgel boud in nêst fan tûken yn in foarke fan in beam of yn 'e kroan fan in palmbeam. It wyfke leit dêr ien of twa aaien yn.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de wahlbergearn as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: