Waasmar
Appearance
De Waasmar, Wazemar as Waas wie in mar yn it feangebiet dêr't oan de westkant it Alddjip út kaam. De mar lei ticht by de grins mei Grinslân, en foar in part ek oer de grins. Om 1700 hinne ûntstie tusken de Waasmar en it sichtbere Alddjip in nije mar: de Nije Mar.
Op de hjoeddeiske grins is it stee fan de mar de earste rjochtingsferoaring fan de grins noardlik fan it trijeprovinsjepunt. De mar wie lykwols foar de 20e iuw al ferdwûn. Fan de Nije Mar is mar in lyts marke oer dat, mûglik nei de Waasmar, of oars faaks mei itselde komôf, de Waskmar hjit. Dat selde komôf wurdt faaks dield mei wat fierder nei it suden de Waskemar.