Springe nei ynhâld

Waalwijk (gemeente)

Ut Wikipedy
Waalwijk
Wolluk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Waalwijk
Oerflak 67,65 km²[1]
  •  dêrfan lân 64.54 km²
  •  dêrfan wetter 3,11 km²
Ynwennertal 50.366 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 780 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s) 0416
Postkoade(s) 5140-5146, 5160-5165
www.waalwijk.nl

Waalwijk (Brabânsk: Wolluk) is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente hat 50.366 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 68,15 km². Fan it totale oantal ynwenners yn 'e gemeente yn 2024 wennen fierwei de measten bewenners yn 'e stêd Waalwijk, it twadde doarp is Sprang-Capelle en it lytste plak it doarp Waspik. De gemeente Waalwijk makket diel út fan 'e Langstraat.

It duorre oant 1814 dat de hiele Langstraat tafoege waard oan 'e provinsje Noard-Brabân. Earder hearde in part fan 'e Langstraat ta it Greefskip Hollân. De Langstraat is in krite fan doarpen mei in soad lintbebouwing en lange, smelle stikken hiem, dy't meast net leadrjocht op 'e strjitte stean.

De gemeente Waalwijk (as gemeentlike ienheid, net allinnich de stêd) waard offisjeel oprjochte op 1 jannewaris 1922. Dy dei waarden de eardere gemeenten Waalwijk, Baardwijk, en Besoyen gearfoege ta de nije gemeente Waalwijk. Letter, yn 1997, waard de gemeente fierder útwreide mei de gemeenten Sprang-Capelle en Waspik, dy't doe yn Waalwijk opgien binne. Dat betsjut dat de gemeente yn har hjoeddeistige foarm bestiet sûnt 1 jannewaris 1997.

Waalwijk leit tusken Drunen yn it easten en Raamsdonk yn it westen yn it gebiet De Langstraat. Grutte stêden yn 'e omkriten binne Tilburch, De Bosk en Breda. Waalwijk is berikber oer de A59 en de N261.

  • Waalwijk
  • Sprang-Capelle
  • Waspik

Waalwijk is ferdield yn tolve wiken: Baardwijk, Besoijen, Zanddonk, Laageinde, De Hoef, Sint-Antoniusparochie, Bloemenoord, Meerdijk, Zanddonk-Súd, Carthografenweg, Driessen en Waalwijk-sintrum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje