Waalske Tsjerke (Rotterdam)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Waalske Tsjerke Rotterdam

L'Eglise Wallonne Rotterdam

Overzicht van de westgevel met de kerktoren - Rotterdam - 20387267 - RCE.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
plak Rotterdam wapen.svg Rotterdam
adres Schiedamse Vest 190
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1923-1924
arsjitekt J. Verheul, J van Wijngaarden
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 513769 [1]
webside Side Waalske Tsjerke

De Waalske Tsjerke (Eglise Walonne) is in tsjerke oan de Schiedamse Vest yn it sintrum fan Rotterdam. De gemeente falt ûnder de PKN en de tsjinsten wurde yn de Frânske taal fierd. It gebou foarmet mei de wente foar de koster in ryksmonumint en waard yn de jierren 1923-1925 boud neffens in ûntwerp fan J. Verheul en J. van Wijngaarden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De foargonger fan de tsjerke wie in 17e-iuwske tsjerke oan it westlike ein fan de Hoogstraat, dy't yn 1922 foar it lêst brûkt en dêrnei ôfbrutsen waard.

De hjoeddeiske tsjerke stie oarspronklik oan in stikje fan de midsiuwske ferdigeningsgrêft, dy't yn de Twadde Wrâldkriich tichtsmiten waard. Yn de Twadde Wrâldkriich waard by it bombardemint op de stêd yn 1940 de omjouwing fan de tsjerke foar it measte ferneatige.

De tsjerke waard yn 2018 ferkocht oan BOEi, in organisaasje, dy't him ynset foar it behâld en de eksploitaasje fan kultureel erfgoed. De ynrjochting bliuwt lykwols yn hannen fan de Waalske Tsjerke, dy't it gebou brûken bliuwt foar de earetsjinst.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke binne in soad objekten te finen fan de ferneamde ûntwerper Willem Hendrik Gispen. Lampen, psalmbuorden en elektryske kachels binne fan syn hân.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut de âlde tsjerke stamt it oargel, dat yn 1865 troch de firma Bätz-Witte boud is.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: