Waalske Tsjerke (Swol)

Ut Wikipedy
Waalske Tsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Oerisel
plak Swol
adres Schoutenstraat 4
koördinaten 52° 30'NB, 6° 05'EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Waalske gemeente
Arsjitektuer
boujier 1504
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 41813
Webside
Waalske Tsjerke
Kaart
Waalske Tsjerke (Swol-Binnenstêd)
Waalske Tsjerke

De Waalske Tsjerke is in letgoatysk ryksmonumint yn 'e Oeriselske haadstêd Swol. De protestanske mienskip fan de Waalske Tsjerke is in lytse mienskip en tsjintwurdich wurdt de tsjerke ek foar kulturele manifestaasjes brûkt. Ienris yn 'e twa wiken wurdt der lykwols noch jimmeroan in Frânsktalige tsjinst holden. Foar minsken dy't it Frânsk minder goed machtich binne wurdt de preek yn it Nederlânsk op skrift jûn.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wie de hjoeddeiske Waalske Tsjerke in yn 1504 boude kapel fan in oan it ein fan 'e 14e iuw stifte nonnekleaster.

Nei't yn 1685 in twadde weach hugenoaten út Frankryk nei Nederlân flechte, stiften hja ek yn Swol in tsjerklike gemeente. Foar it fieren fan tsjerketsjinsten waard harren de kapel fan it eardere kleaster ta beskikking steld. De earste dûmny fan de Waalske mienskip dy't oansteld waard yn Swol wie de hugenoat Philippe Bech út Saint-Marcellin yn de Dauphiné yn it súdeasten fan Frankryk. Yn de 18e en 19e iuw naam it tal leden fan de mienskip stadichoan ta. Njonken hugenoaten waarden ek ynwenners fan Swol lid fan de mienskip, om't hja niget hiene oan de Frânske taal. Grut hat de gemeente lykwols nea west.[1]

Oargel

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kapel is in goatysk gebou mei ien skip en een mearsidige ôfsluting. Njonken de foargevel is in treptuorke. `

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn 'e tsjerke is oarspronklik ôfkomstich út de Grinzer Dominikustsjerke oan de Carolieweg en waard troch Johannes Wilhelmus Timpe yn 1820 boud. Tweintich jier letter ferhûze it oargel nei de Waalske Tsjerke yn Swol. Oan it ein fan 'e 19e iuw waard it oargel fergrutte en yn 'e rin fan 'e 20e iuw fûnen der meardere lytse wizigings oan it instrumint plak.

Foar it lêst waard it oargel yn 2015 restaurearre troch de oargelmakkerij Reil út Heerde.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: