Waalre (gemeente)
Waalre Woldere | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Waalre (Brabânsk: Woldere) is in plak en gemeente yn Noard-Brabân. De gemeente hat 17.938 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 22,66 km² (wêrfan 0,27 km² wetter).
De gemeente leit tusken Eindhoven, Valkenswaard en Velthoven en makket diel út fan 'e Metropoalregio Eindhoven. De gemeente ûntstie yn 1923 troch gearfoeging fan 'e eardere gemeenten Waalre en Aalst en telde doe likernôch 2.300 ynwenners.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Waalre-doarp mei de buorskippen De Heuvel, Heikant, Loon en Timmereind.
- Aalst mei de buorskip Achtereind.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gemeentegebiet wurdt al iuwenlang bewenne. Yn 'e iere jierren 1960 fûnen argeologen spoaren fan in rindierkultuer by de oanlis fan 'e E-34. Dy spoaren jouwe oan dat yn 'e lêste iistiid (12.000 oant 9.000 jier foar Kristus) rindierjagers dêr harren tinten opsloegen.

De misjonaris Willibrord moete yn 703 Aengilbald, in Frankyske ealman, dy't him in grut stik lân by 'Waderloo' (Waalre) joech. Dit gebiet omfieme njonken Waalre ek de lettere gemeenten Valkenswaard en Aalst. Willibrord liet yn Waalre in ienfâldige tsjerke bouwe. Dat wie ynearsten in houten tsjerke, mar de hjoeddeiske tsjerke bestiet sûnt de 12e iuw. De houten tsjerke waard ferfongen troch in romaanske tsjerke en letter fergrutte mei in hegere goatyske útwreiding en in toer yn 'e typysk goatyske styl fan 'e Kempen. De tsjerke waard yn 1941-1942 yngreven restaurearre. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de tsjerke oanwiisd as provinsjaal betinkingsmonumint foar Brabânske soldaten dy't fallen binne. De tsjerke stiet bekend as de âlde Willibrordtsjerke.
Aalst en Waalre hiene foar de gearfoeging elts in eigen karakter. Aalst wie in lintdoarp mei hûzen oan 'e wei fan Eindhoven en Valkenswaard. Waalre hie in doarpssintrum mei in dúdlik sintrum. Sûnt de jierren 1920 is it ynwennertal foars groeid, mar de echte feroaringen fan it doarp fûnen fral plak nei de Twadde Wrâldkriich, doe't Waalre ta in forinsedoarp útgroeide.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte ynwenners fan Waalre wurkje yn 'e buorgemeenten, benammen yn Eindhoven. Waalre hat trije bedriuweterreinen: Voldijn, Park Diepenvoorde en bedriuweterrein 't Broek. De twa grutste winkelsintra yn 'e gemeente lizze om 'Den Hof' yn Aalst hinne en om 'De Bus' yn Waalre hinne.
Karnaval
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waalre wurdt yn 'e tiid fan karnaval 'Keiengat' neamd. Waalre en Aalst ha elts in eigen karnavalsferiening.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waalre leit súdlike fan 'e A67 en westlik fan 'e A2. De drokke N69, de direkte ferbining tusken Eindhoven en Belgje, rûn troch Aalst. Benammen yn 'e spits stiet it ferkear faak stil op 'e histoaryske N69. Yn 2020-2021 waard in ferfangende dyk oanlein tusken de grins by Lommel en Veldhoven. Dy dyk hat nûmer N69 oernommen.
It fleanfjild Eindhoven leit likernôch 10-15 km fan 'e gemeente.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |