Springe nei ynhâld

Würrich

Ut Wikipedy
Würrich
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringRhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeenteKirchberg
Sifers
Ynwennertal162 (2024)[1]
Oerflak4,33 km²
Hichte450 m
Oar
Postkoade56858
Koördinaten49°58'N 7°18'E
Offisjele webside
www.wuerrich.de
Kaart
Würrich (Rynlân-Palts)
Würrich

Würrich is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts dat diel útmakket fan 'e lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis. Würrich is ûnderdiel fan it gemeenteferbân Kirchberg.

It plak waard foar it earst yn 1295 neamd. De namme Wariacum kin op in keltoromeinske oarsprong wize en dus kin it plak âlder wêze. Yn 1870 waarden noardwestlik fan it tsjerkhôf fûneminten fan in Romeinske boerestee út de tiid fan Caesar fûn.

Würrich hie al yn 1317 in kapel, dy't oant 1888 bestie. De toer fan dy oan Laurentius wijde kapel waard yn 'e twadde helte fan 'e 13e iuw boud. Yn 'e 19e iuw (1887–1888) is de kapel ôfbrutsen en in nije tsjerkeseal boud. De klokken yn 'e toer binne noch yn 'e 15e iuw getten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: