Springe nei ynhâld

Wêr is Keimpe?

Ut Wikipedy

Wêr is Keimpe? is in sjoch-, lear- en fertelboek foar bêrn oer Keimpe de Krokodil, yllustreare troch Aart Cornelissen, en yn 2021 útjûn troch de Afûk.

In grut part fan it boek binne de tweintich yllustraasjes dêr't Keimpe yn ferhoalen sit, in bytsje Wêr is Wally fan de Ingelsman Martin Handford. Dêromhinne binne fierdere tekenings fan parten fan de grutte yllustraasje, mei de wurden dy't dêr by hearre, yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk. Mei in QR-koade kin men by in webstee komme dêr't de útspraak beharke wurde kin. Ek binne dêr noch mear, beweegjende, platen te finen.