Wâldûle
| wâldûle | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Strix aluco | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wâldûle of boskûle (Strix aluco) is in ûle yn it skaai Strix yn 'e famylje ûlefûgels (Strigidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is 40 oant 42 sm lang en wat grutter as in goudûle of in hoarnûle. De spanwiidte is 93 oant 98 sm. Se ha in relatyf grutte rûn kop, swartbrune eagen en in wat knobbich oansjen. It fearrekleed is meast griis, donkerbrún en readbrún. De ferhâldingen fan 'e kleuren ferskille mei de ûndersoarte. It fearrekleed is boppe en ûnder yn 'e lingte tekenen. De ûnderkant is ljochter as de boppekant.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wâldûlen libje yn Europa en binne allinnich ôfwêzich yn it grutste part fan Skandinaavje, Ierlân en Yslân. Se komme ek yn dielen fan it westen fan Aazje en it noarden fan Marokko, Algerije en Tuneezje foar.
Der wurde sân ûndersoarten ûnderskieden:
- S. a. aluco (Linnaeus, 1758): noardlik, sintraal en súdeastlik Europa oer Oekraïne en Europeesk Ruslân .
- S. a. biddulphi (Scully, 1881): Pakistan en noardwestlik Yndia.
- S. a. harmsi (Zarudny, 1911): Kazachstan, Oezbekistan en Kirgyzje.
- S. a. sanctinicolai (Zarudny, 1905): noardeastlik Irak en westlik Iran.
- S. a. siberiae (Dementiev, 1933): fan it Oeralberchtme oant westlik Sibearje.
- S. a. sylvatica (Shaw, 1909): West- en Súd-Europa en West-Turkije.
- S. a. willkonskii (Menzbier, 1896): fan noardeastlik Turkije en noardwestlik Iran oant Turkmenistan.
It habitat bestiet út iepen leaf- en mingde bosken, parken, tunen mei genôch âlde beammen met holtes. Yn nullebosken komt de fûgel allinnich oan boskrânen foar. De soarte briedt ek yn 'e Nederlânske dunen, dêr't de fûgel knineholtes brûkt om yn te brieden.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat him yn 'e 20e iuw yn Nederlân bot útwreide. Sûnt de jierren 1960 kolonisearre de wâldûle de dunerige en oare dielen fan West-Nederlân. Healwei de jierren 1970 folgen Noard-Brabân en Drinte en wat letter ek oare dielen fan it lân. Yn Fryslân komt de soarte yn it súdeasten foar mei hjir en dêr briedgefallen yn it noarden fan 'e provinsje.[1]
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wâldûlen wurde yn it easte jier geslachtsryp en briede fan febrewaris, mar meast maart, oant juny by foarkar yn beamholtes. Se kinne ek yn gebouwen of nêstkasten briede. Se binne monogaam en bliuwe in libben lang byinoar. Allinnich it wyfke briedt en sy sit tige fêst op 'e aaien. In lechsel bestiet meast út twa oant fjouwer aaien, mar kin fariëarje tusken 1 oant 7. De piken komme nei 28 oant 29 dagen nei it lizzen fan 'e aaien út. As de jonge fûgels 30 oant 32 dagen âld binne, ferlitte se it nêst. De âlders helpe de fûgels oant se harren rêde kinne en oant de hjerst bliuwe se yn 'e regel yn it territoarium. De stjerte ûnder de jongen is mei 50% yn it earste jier relatyf heech.
Wâldûlen binne stânfûgels en bliuwe it hiele jier yn harren territoarium.
It fretten fan wâldûlen yn Nederlân bestiet meast út mûzen, jonge kninen en fûgels en as der te min fretten is wolle se ek kikkerts, wjirms of ynsekten ite. De grutste fijân fan 'e wâldûle is de hauk.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In rûzing út 2018 hâldt de folsleine populaasje op 1.580.000 oant 2.340.000 folwoeksen fûgels. Likernôch 80% fan 'e wrâldpopulaasje libbet yn Europa. Yn Nederlân wurdt it oantal pearkes op 5.200 oant 6.400 rûsd en de soarte nimt by ús licht ta. Strange winters kinne de populaasje wol negatyf beynfloedzje. De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2024) beskôge.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Wâldûle
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Wales
