Springe nei ynhâld

Vytautas Landsbergis

Ut Wikipedy
Vytautas Landsbergis
politikus
echte namme Vytautas Landsbergis
nasjonaliteit Litousk
bertedatum 18 oktober 1932
berteplak Kaunas (Litouwen)
etnisiteit Litousk
partij Sąjūdis
prizen Légion d'Honneur 1997
Foarsitter fan de Heechste Ried fan Litouwen
(de jure-presidint fan Litouwen)
amtsperioade 19901992
foargonger nimmen (nij amt)
opfolger Algirdas Brazauskas (as presidint)
Česlovas Juršėnas (as parl.foarsitter)
Foarsitter fan it Litouske parlemint
amtsperioade 19962000
foargonger Česlovas Juršėnas
opfolger Artūras Paulauskas
Lid fan it Litouske parlemint
amtsperioade 19902004
Lid fan it Jeropeesk Parlemint foar Litouwen
amtsperioade 20042014

Vytautas Landsbergis (útspr.: ['vʲi:t̪ɐʊt̪ɐs̪ 'ɫɐ:n̪ʲezʲbʲɛrʲɡʲɪs̪], likernôch "vjiitautus lanjeezbjergjis"; Kaunas, 18 oktober 1932) is in Litousk konservatyf politikus, musikolooch, heechlearaar en publisist, dy't yn 1990 bekendheid krige as de lieder fan 'e Litouske ûnôfhinklikheidsbeweging Sąjūdis. Nei in heale iuw fan besetting troch de Sovjet-Uny wisten de Litouwers yn 1991 ûnder syn lieding op 'e nij baas yn eigen hûs te wurden. Dêrby wie Landsbergis twa jier lang feitliken presidint fan Litouwen, en letter ferfolle er de funksje fan parlemintsfoarsitter en waard er foar syn lân lid fan it Jeropeesk Parlemint.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vytautas Landsbergis waard yn 1932 berne yn 'e doetiidske Litouske haadstêd Kaunas, as de soan fan 'e foaroansteande arsjitekt Vytautas Landsbergis-Žemkalnis en eachhielkundige dr. Ona Jablonskytė-Landsbergienė. Syn mem rêde yn 'e Twadde Wrâldoarloch it libben fan in Joadske tiner troch dy as ûnderdûker yn 'e hûs te nimmen, en dêrfoar waard hja neitiid troch de steat Israel beneamd ta Rjochtfeardige ûnder de Folken. Landsbergis sels wûn yn 1952 de brûnzen medalje by it nasjonale Litouske skaakkampioenskip en studearre yn 1955 ôf oan 'e Litousk Muzykkonservatoarium (no de Litouske Akademy foar Muzyk en Teäter), yn Vilnius.

Akademyske karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er yn 1969 syn doktoraat behelle hie, waard Landsbergis beneamd ta heechlearaar oan itselde konservatoarium dêr't er syn oplieding genoaten hie. Dêrnjonken wied er fan 1978 oant 1990 ek perfester oan 'e Pedagogyske Universiteit fan Vilnius. Landsbergis is in foaroansteand yntellektueel, dy't troch de jierren hinne in tweintichtal boeken skreaun hat oer in ferskaat oan ûnderwerpen. Dêrûnder is in gesachhawwende biografy fan 'e keunstskilder en komponist Mikalojus Konstantinas Čiurlionis, mar ek wurken oer de polityk en in autobiografy, Lūžis prie Baltijos.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1988 sette Landsbergis syn earste stappen yn 'e polityk, doe't er mei guon oaren de Litouske ûnôfhinklikheidsbeweging Sąjūdis oprjochte. Doedestiden suchte Litouwen noch altyd ûnder in besetting troch de Sovjet-Uny, dy't al yn 1940 úteinset wie. Doe't Sąjūdis begjin 1990 de earste frije ferkiezings yn Litouwen yn mear as santich jier wûn, waard Landsbergis beneamd ta foarsitter fan 'e Heechste Ried fan Litouwen. Dêrmei wied er sawol de facto as de jure it steatshaad en de parlemintsfoarsitter fan wat doe feitliks noch in sovjetrepublyk wie. Hy behold dat amt oant de folgjende ferkiezings, yn novimber 1992.

Landsbergis yn 2011.

Hoewol't Sovjet-lieder Michaïl Gorbatsjov mei syn polityk fan glasnost en perestrojka de desennialange Russyske ûnderdrukking fan Litouwen ferlichte hie, stie Landsbergis tige skeptysk foar dy liberalisearring oer. Boppedat woene de Litouwers mei neat minder as it weromjaan fan har ûnôfhinklikheid genoegen nimmen. Op 11 maart 1990 siet Landsbergis sadwaande in sitting fan it Litouske parlemint, de Seimas, foar, wêryn't de restauraasje fan 'e Litouske ûnôfhinklikens útroppen waard. Dêrmei waard Litouwen de earste fan 'e fyftjin sovjetrepubliken dy't him aktyf besocht los te meitsjen fan 'e Sovjet-Uny.

It Sovjet-regear yn Moskou besocht it near te lizzen op it Litouske ûnôfhinklikheidsstribjen troch in ekonomyske blokkade tsjin 'e opstannige dielsteat yn te stellen. Dat wie lykwols oalje op it fjoer, en doe't in militêre reäksje útbleau, begûnen oare Sovjetrepubliken, lykas Estlân, Letlân en Georgje, har ek te roeren. Doe't der úteinlik yn jannewaris 1991 dochs in healslachtich Russysk militêr yngripen yn Litouwen kaam, spile Landsbergis in krúsjale rol by it ôfslaan dêrfan. Uteinlik wie Iislân koarte tiid letter it earste lân dat de restauraasje fan 'e Litouske ûnôfhinklikheid erkende en diplomatike betrekkings mei it lân oangie. Landsbergis liet him letter tige kritysk út oer it falen fan Westerske machten as de Feriene Steaten en Grut-Brittanje om 'e Litouske ûnôfhinklikheidsstriid te stypjen.

Yn 1993 fûn der binnen Sąjūdis in spjalting plak, wêrby't Landsbergis mei in grut diel fan 'e leden opstapte en in nije partij begûn, Tėvynes Sąjunga (de "Heitelân Uny"). By de ferkiezings fan 1996 behelle Tėvynes Sąjunga in oerweldigjende oerwinning, en fan gefolgen koe Landsbergis doe parlemintsfoarsitter wurde, in funksje dy't er oant 2000 ferfolle. Hy stelde him yn 1997 ek kandidaat foar it presidintskip, mar einige yn 'e earste omgong mei 15,9% fan 'e stimmen op it trêde plak. Yn 'e twadde omgong stipe er Valdas Adamkus, dy't yn 'e earste omgong as twadde einige wie, en dy't de ferkiezings úteinlik wûn. Landsbergis bleau oant 2004 lid fan it Litouske parlemint, wêrnei't er yn it Jeropeesk Parlemint keazen waard, dêr't er oant 2014 foar Litouwen sitting hie.

Landsbergis sprekt op 15 desimber 2013 de Oekraynske pro-demokrasydemonstran- ten op it Maidanplein yn Kiëv ta.

Landsbergis is troud mei Gražina Ručytė-Landsbergienė, in bekend Litousk pianiste en heechlearaar oan 'e Litouske Akademy foar Muzyk en Teäter. Syn dochters Jūraitė Landsbergytė en Birutė Landsbergytė binne ek musisy, wylst syn soan Vytautas Landsbergis jr. in bekend Litousk skriuwer en filmregisseur is.

  • 1976 – Čiurlionio Dailė
  • 1980 – Sonatos ir Fugos (red.)
  • 1990 – Atgavę Viltį: Pertvarkos Tekstų Knygelė
  • 1991 – Sunki Laisvė
  • 1993 – Tėvynės Valanda
  • 1996 – Čiurlionio muzika
  • 1997 – Lūžis prie Baltijos: Politinė Autobiografija
  • 1997 – Landsbergis Aria
  • 2002 – Pusbrolis Motiejus: Knyga Apie Stasį Lozoraitį Iš Jo Laiškų ir Pasisakymų
  • 2003 – Karaliaučius ir Lietuva: Nuostatos ir Idėjos
  • 2008 – Visas Čiurlionis

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.