Springe nei ynhâld

Vught (gemeente)

Ut Wikipedy
Vught
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Vught
Oerflak 29,06 km²[1]
  •  dêrfan lân 28,66 km²
  •  dêrfan wetter 0,40 km²
Ynwennertal 32.454 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 1.132 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s) 0411, 073
Postkoade(s) 5260-5266, 5268
vught.nl

Vught is in gemeente yn it noarden fan 'e provinsje Noard-Brabân yn 'e Meierij fan 'e Bosk. De gemeente hat 32.454 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan goed 29 km² mei skraachwurk wetter.

It gemeentehûs is yn Vught oan 'e Sekr. van Rooijstrjitte. It waard yn 'e jierren 2003-2006 boud yn 'e foarm fan in ovale toer. It is ûntwurpen troch arsjitekteburo "De Twee Snoeken". It stedhûs is ûnderbrocht yn Villa Leeuwenstein, dat yn 1935 oankocht en foar dat doel renovearre is troch arsjitekt Hendrik Willem Valk.

Oarspronklik bestie de gemeente Vught allinne út Vught. By de gemeentlike reorganisaasje fan 1933 waard de gemeente Cromvoirt opheft en tafoege oan Vught, wylst Deuteren, dat ek ta de gemeente Cromvoirt hearde en benoarden de doetiidske spoarline Langstraat nei Waalwijk lei, oan De Bosk tawiist waard. Mei de opheffing fan 'e gemeente Haaren op 1 jannewaris 2021 waard Helvoirt ek ûnderdiel fan 'e gemeente Vught.

De gemeente bestiet út de plakken Vught, Helvoirt en Cromvoirt.

It âlde gemeentewapen fan Vught waard yn 1817 fêststeld en lit twa tsjerken tsjinoer elkoar sjen. De twa tsjerken steane foar de twa parochy's dy't Vught tradisjoneel hie: de Sint-Lambertusparochy en de Sint-Piterparochy. Dat motyf waard waard ek yn it nije gemeentewapen opnommen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nasjonaal Monumint Kamp Vught is in museum en betinkingsplak op it terrein fan it eardere konsintraasjekamp, dat tichteby it rekreaasjegebiet de IJzeren Man leit. Besikers wurdt ynformearre oer de skiednis fan it kamp en de slachtoffers dêr. Tusken jannewaris 1943 en septimber 1944 hawwe dêr mear as 31.000 minsken finzen sitten.

It Fort Isabella is in histoarysk fort dat hjoed-de-dei brûkt wurdt foar ferskate kulturele en rekreative aktiviteiten.

De lunetten fan it Verschanste Kamp binne trije 19e-iuwske ferdigeningswurken út de 19e iuw en oanlein yn opdracht fan Kening Willem II. Se binne noch jimmeroan sichtber binne yn it lânskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje