Springe nei ynhâld

Vondeltsjerke

Ut Wikipedy
Vondeltsjerke
Vondelkerk
Vondeltsjerke (2017)
Vondeltsjerke (2017)
Lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
gemeente Amsterdam
plak Amsterdam
adresVondelstraat
koördinaten52° 21' N, 4° 52' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomHaarlim-Amsterdam
aartsbisdomUtert
wijd oanAlderhillichst Hert fan Jezus
statusBrânskea
ôfstjitten1977
hjoeddeiske  funksjeEvenemintelokaasje
Arsjitektuer
arsjitektPierre Cuypers
boujier1872-1880
boustylNeogotyk
hichte50 meter
monumintale statusRyksmonumint
monumintnûmer5907
Kaart
Vondeltsjerke (Amsterdam)
Vondeltsjerke

De Vondeltsjerke is in tsjerkegebou yn de Vondelstraat yn Amsterdam-West. Fan 1880 oant 1977 wie it troch arsjitekt Pierre Cuypers ûntwurpen gebou yn gebrûk as Tsjerke fan it Allerhillichst Hert fan Jezus foar de roomsk-katolike parochy mei deselde namme. Neitiid die it middenskip ûnder oare tsjinst as konsertseal en waarden romten deromhinne ferhierd as kantoar. By in brân yn 1904 giene de toer en it dak ferlern. De toer waard werboud nei in ûntwerp fan Joseph Cuypers, in soan fan Pierre. Yn de nijjiersnacht fan 2026 bruts der opnij brân út. De top fan de toer en in part fan it middendiel stoarten yn. De bûtenmuorren bleaune oerein stean.

Boutekening Vondeltsjerke fan de hân fan arsjitekt Pierre Cuypers, 1875

Doe't der om 1870 hinne ferlet ûntstie om in tsjerke te bouwen yn de buert fan it Vondelpark kaam arsjitekt Pierre Cuypers mei in bouplan. De grûn dêr't er de tsjerke op bouwe woe, wie doe al syn eigendom, dat joech him mear frijheid om de kontoeren fan it tsjerkegebou en it gebiet dêr fuortendaliks omhinne sels foarm te jaan. De tsjerke waard posisjonearre as in ovaal eilantsje; it waard de earste frijsteande tsjerke yn Amsterdam sûnt de midsiuwen en de kearsrjochte Vondelstrjitte waard dêrfoar yn twaen spljalte. Hoewol't gjin strikte sintraalbou is de tsjerke sintralistysk fan opset, mei as haadtoer in achthoekige middentoer.

Opdrachtjouwer ta de bou wie it tsjerkebestjoer fan de parochy H. Nicolaas bûten de Veste. Op 1 maart 1872 waard de earste stien lein. Fanwegen beheinde finansjele middels waard begûn mei de bou fan twa traveeën fan it koer mei apsis. Dat part fan de tsjerke waard op 20 juny 1873 yn gebrûk naam. Fanwegen brekme oan jild lei de bou dêrnei stil. Al waard der tsjin de sin fan boargemaster en wethâlders fan Amsterdam tsjin de apsis in tydlik houten bygebou pleatst.

Yn febrewaris 1875 waard in lanlike lotterij organisearre ta bate fan de foltôging fan de tsjerke. Lotten kosten ien gûne. Der waard 45.000 gûne ophelle. De bou fan de tsjerke waard yn itselde jier wer oppakt.

De sintralisearjende opset waard feriene mei dy fan in krústsjerke. Op 16 juny 1880 waard de hiele tsjerke yn gebrûk naam. Cuypers hat de Vondeltsjerke ûntwurpen nei midsiuwsk foarbyld, mar hy makke tagelyk gebrûk fan foar dy tiid moderne techniken, lykas stielen konstruksjes foar de toer. Karakteristyk wie de opbou yn kleure bakstien mitselwurk, benammen donker en ljochtread foar de pylders. De ferwulften hiene giele fjilden en grien-wite ribben.

By de sydbeuken lâns waarden tegeltablo's oanbrocht as ûndergrûn foar de krúsweistaasjes. Op de konsoles fan de pylders stiene hillichbylden. Dy waarden yn de jierren '70 feild en ferwidere. Yn'e midden fan'e tsjerke wie, rjocht nei boppen seach, in skyld te sjen mei op in blauwe eftergrûn in symboalyske werjefte fan'e hillige stêd Jeruzalim. De brânskildere ruten krigen ûnder oare foarstellingen fan de fjouwer evangelisten Markus, Mattéus, Lukas en Jehannes.

Brân fan 8 novimber 1904

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De toer yn 'e brân 8 novimber 1904

Op 8 novimber 1904 tsjin healwei tolven oerdeis bruts der yn'e tsjerke brân út, neidat by werstellingswurksumheden oan de toerklok in pot mei siedend lead omfallen wie. Troch de sterke wyn fersprate it fjoer him rap en binnen in healoere wie de toer ynstoart; it dak folge gau dêrop. De muorren en gewelven blieken de brân goed trochstien te hawwen. De toer waard wat leger werboud nei in ûntwerp fan Joseph Cuypers soan fan Pierre. Yn in nije ikehouten klokkestoel kaam yn 1905 in klok fan Petit & Fritsen mei in diameter fan 92,8 sintimeter.

Ferfal en behâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus 1978 waard it tsjerkegebou fanwegen boufallichheid sletten op advys fan it bisdom Haarlim-Amsterdam. It bisdom ferkocht de tsjerke yn 1979 foar in gûne oan in belizzer, it gebou waard dêrnei kreake. Yn novimber 1984 kocht de op 2 oktober 1980 oprjochte Stifting Vondeltsjerke it gebou op om it behâlde en restaurearje te kinnen. It tsjerkegebou iepene op 26 septimber 1986 as kultureel sintrum. Op 31 desimber 1993 waard de Vondeltsjerke oerdroegen oan it Amsterdams Monumenten Fonds dat op 31 desimber 1999 fusearre mei Stadsherstel Amsterdam NV.

Brân fan 1 jannewaris 2026

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de nijjiersnacht fan 2026 bruts der foar de twadde kear in grutte brân út yn de tsjerke. De toer en in part fan it middenskip stoarten yn. De brân fersprate him oer it hiele dak, de tsjerkemuorren bleaune ek dizze kear sparre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: