Vladimirkatedraal (Sint-Petersburch)
Vladimirkatedraal | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Sint-Petersburch | |
koördinaten | 59° 55' N 30° 20' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | tsjerke:Pietro Antonio Trezzini of Christian Ludwig Eberhard Knobel toer: Giacomo Quarenghi | |
boujier | 1761-1769 | |
boustyl | barok, klassisisme | |
monumintale status | Monumint fan regionaal belang | |
monumintnûmer | 7810504000 | |
Webside | ||
vladimirsobor.spb.ru | ||
Kaart | ||
De Vladimirkatedraal (Russysk: Владимирская церковь; Vladimirskaja tserkov), ek: Katedraal fan it Ikoan fan 'e Mem Gods fan Vladimir, is in russysk-otterdoks tsjerkegebou yn Sint-Petersburch yn 'e Russyske Federaasje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vladimirkatedraal waard tusken 1761 en 1769 boud op it plak fan in houten tsjerke út 1747. De arsjitektuer fan 'e tsjerke wurdt oan Pietro Antonio Trezzini of Christian Knobel taskreaun. De ynwijing fan 'e tsjerke fûn op 9 april 1783 plak. De preester, dy't it jild foar de tsjerke by inoar sammele, soe de wijing sels net mear meimeitsje, hy waard yn 1770 fermoarde yn syn hûs. Syn moardners mienden dat er in soad jild yn 'e hûs hie, mar se fûnen mar in lyts bedrach. De preester waard by de tsjerke begroeven en yn 1998 waard ta neitins fan it slachtoffer in moarmeren krús op syn grêf set.[1]
De tsjerke bestiet út in boppe- en in benedentsjerke. De benedentsjerke waard oan Jehannes fan Damaskus wijd en de boppetsjerke oan it Vladimir-ikoan fan 'e Mem Gods. De frijsteande klokketoer waard yn 1791 neffens in ûntwerp fan Giacomo Quarenghi foltôge. It portaal, de kapel en it stek binne yn 'e 19e iuw tafoege.
Yn it ramt fan 'e fiering fan it 900-jierrich jubileum fan it kerstenjen fan Ruslân yn 1988 fûn in yngreven restauraasje plak. In grut tal bekende Moskoviten tsjerkten eartiids yn 'e Vladimirkatedraal, lykas Fjodor Dostojevski, Nikolaj Nekrasov en Alexander Kûprin.
Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1932 waard de Vladimirtsjerke sletten en omset yn in filiaal fan 'e iepenbiere bibleteek. Nei de Twadde Wrâldkriich krige in produksjebedriuw de tsjerke yn hannen. Stadichoan waard it hiele ynterieur fan 'e benedentsjerke fernield. Sûnt 1960 kaam de ommekear en krige it gebou wer wurdearring fanwegen de monumintale wearde.
Weromjefte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1989 oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. De nije wijing fûn op 7 april 1990 plak en sûnt waard der in soad wurke oan fernijing en restauraasje fan 'e tsjerke. Sûnt it jier 2000 krige de tsjerke in katedrale status. De oangrinzgjende leane en it plein tankje harren namme oan 'e tsjerke.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vladimirkatedraal fertsjintwurdiget in oergongsfaze fan 'e barok nei it klassisisme. Yn 'e boppetsjerke is de 18e-iuwske ikonostaze bewarre bleaun. De koepel is fersierd mei de ôfbylden fan é fjouwer evangelisten. It ynterieur fan 'e benedentsjerke is yn 'e Sovjettiid ferlern gien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Исидоровская церковь
|