Springe nei ynhâld

Vitas

Ut Wikipedy
Vitas
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte nammeVitali Vladasovitsj Gratsjev
nasjonaliteit Ruslân
Oekraïne
berteplakDaugavpils
etnisiteitRussysk
wurkpaad
sjenrepopmuzyk, opera, klassyk, folksmuzyk
sjongtaalRussysk
jierren aktyf2000-
offisjele webside
en.dimashnews.com
Hantekening.

Vitali Vladasovitsj Gratsjev (Russysk: Виталий Владасович Грачёв; Oekraynsk: Віталій Владасович Грачов, , Daugavpils, Letlân, 19 febrewaris 1979), better bekend ûnder syn ferkoarte foarnamme Vitas (Russysk: Витас), is in Russysk-Oekraynske popsjonger (bariton, falset). Hy is boppedat komponist, akteur en modeûntwerper. As artyst fertsjintwurdiget er troch techno en klassyk beynfloede popmuzyk.

Vitas waard yn 'e iere jierren 2000 yn Ruslân en East-Europeeske lannen bekend en hie letter sûnt 2006 ek in soad súkses yn Aazje. Hy wûn in soad ûnderskiedingen, naam diel oan Russyske en Europeeske festivals en song tegearre mei Demis Roussos en Lucio Dalla.

Bûten Ruslân en Aazje krige er yn 'e jierren 2010 fral op it ynternet bekendheid mei wurk as "Opera #2" en "The 7th Element" (beide fan syn album "Philosophy of Miracle" út 2001) en "Smile!" (fan syn album mei deselde namme út 2002).

Vitali Vladasovitsj Gratsjev waard yn Daugavpils út Russyske âlders berne yn 'e doetiidske Sovjet-Uny en grutbrocht yn Odessa. Syn heit wie muzikant en syn mem in kostúm-ûntwerper. Vitali's heit hie Litousk-joadske woartels, wylst syn mem Russysk wie. Al gau nei de berte fan harren soan ferhûzen hja nei Odessa. Dêr makke Vitali syn middelbere skoalle ôf. Vitali hie al ier niget oan muzyk en syn pake learde him yn 'e âldens fan fiif te spyljen op 'e akkordeon. Letter sei er dat er al 1000 lieten skreaun hie doe't er tolve wie. Hy besocht in artistike oplieding en waard as jonge al yn ferskillende teäterproduksjes ynset.

As teener keas er de namme Vitas om't er syn eigen namme te lang fûn. Mei't er 21 waard gyng er mei syn takomstige frou Svetlana nei Moskou. Dêr wennen se ynearsten yn earmoede tegearre, oant Vitas bekend waard om syn muzyk.

Om 't Vitali gjin tagong krige ta in muzykoplieding yn Odessa en syn heit en mem de sinten net hiene om him nei in priveeskoalle te stjoeren, begûn Vitali as artyst yn nachtklubs te wurkjen. Dêrnjonken fertsjinne er wat by troch op strjitte bôle te ferkeapjen en him út te lienen as fotograaf. Ek wurke er as akteur yn in eksperimenteel teäter. Hy woe graach yn 1997 mei syn lieten meidwaan oan it muzykfestival Chervona rûta, mar waard wegere om't syn repertoire Russysktalich wie. De regionale stjoerder "Elan" makke yn 1999 doe in muzykfideo foar syn liet "Opera #1".

It wie de produsint en manager Sergej Nikolajevitsj Pûdovkin, dy't him yn it teäter ûntduts en frege oft er nei Moskou komme woe. Pûdovkin hie doe noch net syn stim heart. Vitali reizge in wike letter mei syn faam Svetlana fan Odessa nei Moskou.

Om jild te fertsjinjen wurke Vitas by de Russyske jongereinstjoerder TV-6. Hy naam ek in opfallende fideoklip op foar "Opera #2", dêr't er himsels as in eksintrike iensume man yn in tobbe delsette en neaken akkordeon spile. De klip gie desimber 2000 yn premjêre en de man mei syn ûngewoan hege, krêftige en opfallende falsetstim krige in soad publyk omtinken.

It earste studioalbum "Philosophy of Miracle" waard yn 2001 útbrocht. Ek begûn Vitali dat jier mei de earste grutte toer troch Ruslân, folge troch optredens yn Chicago (23 maart) en New York (24 maart). Op 29 maart 2002 wie syn earste optreden yn it útferkochte Steatspaleis fan it Kremlyn, kompleet mei eftergrûnkoar en in tradisjoneel orkest. Hy skreau dêrmei skiednis as jongste artyst dy 't dêr as solist in foarstelling joech.

Syn twadde soloprogramma "The Songs of My Mother" waard opdroegen oan syn mem, dy't yn 2001 ferstoar. Vitas hie it dêr slim mei te krijen en hy koe hast in jier lang net wurkje, sjonge en dûnsje. Nei oanlieding fan har dea waarden twa albums útjûn. Op it album "The Songs of My Mother" stiene bekende, tradisjonele Russyske lieten, wylst op it album "Mama" nûmers stiene dy't troch him sels of foar him komponearre wiene. Tsjin de ein fan 2002 krige Vitas in útnoeging fan Lucio Dalla, de komponist fan "Caruso", om dat liet mei him yn it Steatspaleis fan it Kremlyn te sjongen.

Fan maart 2003 oant febrewaris 2007 joech er 264 konserten yn Ruslân, Austraalje, de Feriene Steaten, Kanada, Israel, Dútslân, Kazachstan, de Baltyske Steaten, Georgje, Tadzjikistan, Oekraïne en Wyt-Ruslân. Njonken syn sjongkarriêre spile er ek yn in misdaadsearje, dêr't er de popsjonger spile mei in ûngewoan hege stim. Hy spile ek noch in rol yn in komedy.

Yn juny 2006 waard Vitas troch China Central Television útnoege om oan it programma "The Year of Russia" yn Peking diel te nimmen, dêr't er syn hits "Star" en "Opera #2" song. Dat betsjutte it begjin fan syn populêrens yn Sina.

Vitas tekene yn 2007 in kontrakt mei it Amerikaanske label Gemini Sun Records, dy't it album "Audio Visual Connect Series" as CD en DVD útjoech. Yn 2008 brocht Vita "Light of A New Day" út, in nûmer fan 40 minuten mei net-lyryske fokalisaasje en ynstrumintaasje.

Yntusken wie Vitas sa populêr yn Sina, dat er op 9 augustus 2008 yn Qingdao syn nûmer "Opera #1" mocht útfiere by de iepeningsseremoanje foar de wettersporten op 'e Olympyske Simmerspullen dat jier. Vitas spile ek de rol fan Gude yn 'e Sineeske film Hua Mulan, dy't op 16 novimber 2009 yn Peking yn premjêre gie. Ek naam er muzyk op foar de soundtrack fan 'e film. Ek yn 'e jierren dêrnei soe er noch in pear kear yn Sineeske filmproduksjes spylje, wylst er yn 2013 troch Dútslân toerde.

Syn 20-jierrich jubileum as artyst fierde Vitas troch yn 2019 in nije konsertrige te jaan. Hy wurke mei de Australyske DJ en produsint Timmy Trumpet gear mei it liet "The King" foar in optreden op it festival Tomorrowland yn Belgje. Tegearre presintearren hja in nij remix fan "The 7th Element" en in mienskiplik nûmer op it tema "Yn 'e Hal fan 'e Berchkening" fan Edvard Grieg. It fyftjinde album "Bit Bombit" kaam yn 2019 út.

De Covid-19 pandemy makke in ein oan it toeren fan Vitas en dêrnei die er foar in skoft allinne noch optredens yn Ruslân. Sûnt maart 2022 loek er him út de publisiteit werom om him allinne oan syn famylje te wijen.

Vitali hat sawol in Oekraynsk as in Russysk paspoart. Hy is troud mei Svetlana Grankovska yn 2006 yn Odessa. Hja krigen yn 2008 in dochter, yn 2015 in soan en yn 2021 wer in dochter. HY hat selden interviews jûn, itjinge fral te meitsjen hie mei syn producer Pûdovkin. Nei 2010 waard Vitas mear iepen nei de parse en yn jannewaris 2012 wie der foar it earst in lang interview mei in Russysk praatprogramma. Ek kaam it publyk doe foar it earst yn 'e kunde mei syn frou en dochter.

Russyske titel [1]Ingelske titelJier
Философия чудаPhilosophy of Miracle2001
УлыбнисьSmile!2002
МамаMama2003
Песни моей мамыThe Songs of My Mother2003
Поцелуй длиною в вечностьA Kiss as Long as Eternity2004
Возвращение домойReturn Home2006
Криком журавлиным. Возвращение домой, Часть 2Crane's Crying: Return Home, Part 22007
Хиты ХХ века20th Century Hits2008
**Audio Visual Connect Series: Vitas (CD + DVD)2008
Скажи, что ты любишьSay You Love2009
Шедевры трех вековMasterpieces of Three Centuries2010
РомансыRomances2011
Мама и СынMother and Son2011
Только ты. История моей любви, Часть 1Only You: My Love Story, Part 12013
Я подарю тебе весь мир. История моей любви, Часть 2I'll Give You the World: My Love Story, Part 22014
**Come Just For You!2016
**Made in China2016
Бит бомбитBit Bombit2019
OrizjineelIngelsk[2]Jier
Опера #2Opera #22001
Good Bye**2001
Свет Нового ДняLight of a New Day2008
真童话Fairy Tale2010
That Song (Remix fan 7th Element troch Drangabeats**2015
Делю любовь на долиI Divide Love Into Shares2015
Roll With The Beat**2018
Opera #2 (HD)**2018
Back to the Stars**2020
За нейAfter Her2020
无词歌Song Without Words2020
向着太阳 (mei Elvis Wang)Towards the Sun2020
"The King" [3]**2020
OPERA20**2020


Russyske titelIngelske titelJier
Витас в КремлеVitas at the Kremlin2002
Песни моей мамыThe Songs Of My Mother2003
Лучшее от Витаса на DVDThe Best from Vitas on DVD2007
Возвращение Домой в Санкт-ПетербургеReturn Home in Saint Petersburg2007
Возвращение домой в МоскваReturn Home in Moscow2007
Бессонная ночь ПетербургSleepless Night in Saint Petersburg2010
Две столицыTwo Capitals2011
Лучшее от Витаса на DVD (2)The Best from Vitas on DVD (2) 2011
Мама и сынMommy and Son2013
Лучшее от Витаса на DVD (3)The Best from Vitas on DVD (3)2014
JierTitelRol
2001Vitas: The 7th Element
2002Evlampiya Romanova (1e episoade)
2009Hua MulanGude
2011Jian dang wei yeGrigori Voitinski
2012A Night to Be a Starhimsels
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit is foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige wikipedy, sjoch foar boarnen/referinsjes en:Vitas