Springe nei ynhâld

Virgil Earp

Ut Wikipedy
Virgil Earp
persoanlike bysûnderheden
echte nammeVirgil Walter Earp
nasjonaliteit Amerikaansk
berne18 july 1843
berteplakHartford (Kentucky)
stoarn19 oktober 1905
stjerplakGoldfield (Nevada)
etnisiteit Ingelsk
Ulstersk
wurkpaad
berop/amtsoldaat, plysjeman, revolverman,
privee-detektive, boer, postrinner,
postkoetsier, goudsiker, seager,
salooneigner
jierren aktyf18611905
reden
  bekendheid
● broer fan Wyatt Earp
Sjitpartij by de O.K.-Kraal
offisjele webside
www.history.net/frontier-lawman-virgil-earp

Virgil Earp (folút: Virgil Walter Earp; Hartford (Kentucky), 18 july 1843Goldfield (Nevada), 19 oktober 1905) wie in Amerikaansk plysjeman en revolverman yn 'e tiid fan it Wylde Westen. Hy krige benammen bekendheid as de âldere broer fan 'e ferneamde marshal Wyatt Earp en as dielnimmer (mei syn broer) oan 'e romrofte Sjitpartij by de O.K.-Kraal yn oktober 1881. Earp wie in feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, dy't ek wurke as boer, spoararbeider, seager, postkoetsier, postrinner, goudsiker, privee-detektive en salooneigner. Twa moannen nei de Sjitpartij by de O.K.-Kraal oerlibbe er in moardoanslach troch de Cowboys, de binde dêr't de Earps har tsjin oankanten. Virgil Earp rekke dêrby ynfalide, mei't syn lofterearm ûnbrûkber waard. Nettsjinsteande dat wied er twa jier letter wer as revolverman aktyf, diskear yn 'e tsjinst fan 'e Southern Pacific Railroad. Yn dy hoedanichheid wied er behelle yn 'e saneamde 'Slach om it Krúspunt' by Colton.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Virgil Earp waard yn 1843 berne yn Hartford yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, as de twadde soan fan Nicholas Earp en dy syn twadde frou Virginia Ann Cooksey. Hy wie fan mingd Ingelsk en Ulstersk (protestantsk Noardiersk) etnysk komôf. Virgil Earp hie in âldere folle broer, James Earp (18411926), en seis jongere bruorren en susters: Martha (18451856), Wyatt (18481929), Morgan (18511881), Warren (18551900), Virginia (18581861) en Adelia (18611941). Fierders hied er út it earste houlik fan syn heit ek noch in âldere healbroer, Newton Earp (18371928).

Oer de iere jonkheid fan Virgil Earp is sa goed as neat bekend. Yn febrewaris 1860, doe't de Earps yn Pella wennen, yn 'e steat Iowa, naaide er as sechstjinjierrige út mei de doe achttjinjierrige Ellen (Magdalena) Rysdam (18421910), in Nederlânske ymmigrante dy't berne wie yn Utert en mei har âldelju nei de Feriene Steaten ferfearn wie. Dy âlden, Gerrit Rysdam en Magdalena Catrina van Velzen, wiene poer op 'e relaasje tsjin, dat de beide jongelingen trouden yn it geheim. Se bleaune in jier byinoar en Ellen rekke yn dy tiid swier fan in dochter, Nellie Jane Earp (18621930), dy't op 7 jannewaris 1862 te wrâld kaam.

Militêre tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens hie Virgil Earp doe in goed fearnsjier earder, op 21 septimber 1861, tsjinst nommen yn it Leger fan 'e Uny om yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (18611865) tsjin 'e Súdlike Konfederaasje te fjochtsjen. Fan 26 july 1862 oant 24 juny 1865 tsjinne er yn it 83e Ynfanteryrezjimint fan Illinois. James Earp, de âldste folle broer fan Virgil, hie ek tsjinst nommen, mar rekke ein 1861 swierferwûne by in skermutseling yn 'e neite fan Fredericktown (Missoery), wêrnei't er earfol ûntslach krige en nei hûs koe. Newton Earp, de âldere healbroer fan Virgil, tsjinne krekt as hysels oan 'e ein fan 'e oarloch ta yn it Leger fan 'e Uny.

Yn 'e simmer fan 1863 krige Ellen fia de âlden fan Virgil Earp de tynge dat har man sneuvele wie by gefjochten yn Tennessee. Dat bliek letter net sa te wêzen, mar tsjin dy tiid wie Ellen mei har âldelju en har dochterke al ôfset nei it Westen oer it bekende Oregon Trail. Hja wertroude mei in John van Rossem, dy't koarte tiid letter ferstoar, en yn 1867 wertroude se yn Walla Walla, yn it Territoarium Washington, foar de twadde kear, no mei in Thomas Eaton. Doe't Virgil Earp op 26 juny 1865 út militêre tsjinst ûntslein waard en weromkearde nei Iowa, koed er wiif en bern net mear fine. Hy soe harren pas 37 jier letter weromsjen.

Virgil Earp.

Earp wurke yn Iowa as boere-arbeider oant er lang om let ôfsette nei Kalifornje, dêr't syn âldelju ûnderwilens hinne tein wiene. Heit Nicholas Earp brocht yn 1868 de hiele famylje wer werom nei Missoery, om't er dêr promoasje meitsje koe. Dêr setten de Earps har nei wenjen yn it plakje Lamar. Op 28 augustus 1870 wertroude Virgil Earp dêr mei in Rosella Dragoo (b. 1853), in ymmigrante út Frankryk. Mei't er nea skieden wie fan Ellen Rysdam, wie dat eins in gefal fan bigamy, mar hy en syn nije frou waarden troud troch heit Nicholas Earp, dy't dat as rjochter dwaan mocht. It is ûndúdlik wat der wurden is fan Rosella, mei't der fan har fierder gjin berjocht is. It soe skoan kinne dat se yn it kreambêd stoar, lykas safolle froulju yn dy tiden, mar dat is spekulaasje. Yn elts gefal krige Virgil Earp yn 1874 in relaasje mei Allie (Alvira) Sullivan, dy't ôfkomstich wie út Florence yn Nebraska. Sy trouden nea formeel, mar bleaune har hiele fierdere libben byinoar, sadat men sizze kinne soe dat se oer de putheak troud wiene.

Yn dy jierren ferfolle Earp in grut tal ferskillende banen. Sa wied er in skoftke bouboer en letter goudsiker, en wurke er as spoararbeider yn Wyoming en as seager yn in houtseagerij yn Prescott (Arizona). Teffens wied er koetsier op in postkoets en postrinder en letter, yn ferskate funksjes, plysjeman. Hy brocht yn 1877 in skoft troch yn it feestedsje Dodge City, yn Kansas, mei syn jongere broer Wyatt, dy't dêr helpmarshal wie. It is net dúdlik oft Virgil dêr ek in plysjefunksje útoefene.

Fan Dodge City ferfearen Earp en de frou yn july 1877 nei Prescott, dat doedestiden de haadstêd wie fan it noch mar tinbefolke Territoarium Arizona. Hy wurke dêr yn 't earstoan yn in houtseagerij, mar yn oktober fan dat jier waard er troch Ed Bowers, de sheriff fan Yavapai County, ynsward as helpsheriff om efter in binde oerfallers oan. By de dêropfolgjende sjitpartij op 'e strjitte makke Earp ien fan 'e oerfallers dea troch him mei in winchester troch de holle te sjitten. Dêrmei skynt er in beskate reputaasje fêstige te hawwen, want yn 1878 ferfolle er yn Prescott ferskate moannen de funksje fan nachtwachter, en letter dat jiers waard er keazen ta de pleatslike fjildwachter (constable).

Allie Sullivan, de frou fan Virgil Earp, yn 1874.

Op 27 novimber 1879 waard Earp troch U.S. marshal Crawley Drake oansteld as plakferfangend U.S. marshal foar it eastlike diel fan Pima County (Arizona). Drake frege him om yn it ramt fan dy funksje te ferhúzjen nei Tombstone, dat in saneamde boom town wie dy't op dat stuit te krijen hie mei in befolkingseksploazje fanwegen de ûntdekking dat dêr grutte hoemannichten sulver yn 'e grûn sieten. It stedsje en de hiele krite dêromhinne waard teheistere troch in wetteleaze binde dy't oantsjut waard as de Cowboys, en it wie de bedoeling dat Virgil Earp helpe soe om regaad te meitsjen.

Tsjin dy tiid hie Virgil syn broer Wyatt yn in brief al ferteld oer de mooglikheden yn Tombstone, dat dyselde hie yn septimber 1879 ûntslach nommen as helpmarshal yn Dodge City, wêrneit'er mei syn frou Mattie Blaylock, syn broer James Earp en dy syn frou Bessie oer Las Vegas nei Arizona reizge. Yn Las Vegas joegen Wyatt syn maat Doc Holliday en dy syn selskipsfrou Big Nose Kate har by it selskip, en yn Prescott heakken ek Virgil Earp en Allie Sullivan oan. De hiele groep arrivearre op 1 desimber 1879 yn Tombstone.

Op 30 oktober 1880 waard de stedsmarshal fan Tombstone, Fred White, deasketten troch William Brocius, byneamd "Curly Bill", dy't in lid fan 'e Cowboys wie. Dêrop waard Virgil Earp njonken syn funksje as plakferfangend U.S. marshal ek oansteld as interim stedsmarshal. Minder as fjirtjin dagen letter waard er by ferkiezings foar dy funksje ferslein troch in Ben Sippy. Dyselde frege lykwols op 6 juny 1881 om fjirtjin dagen ferlof. Dêrop waard Earp op 'e nij oansteld as interim stedsmarshal. Sippy bleau langer wei as dat de ôfspraak wie, en Earp wie noch yn funksje doe't op 22 juny it sintrum fan Tombstone fierhinne ferwoastge waard troch in brân. Earp soarge derfoar dat der frijwol gjin plonderings plakfûnen, en teffens jage er lju de stêd út dy't de frijkommen perselen besochten yn te pikken. In wike letter, op 28 juny, kaam oan it ljocht dat Sippy in skuld fan $3.000 efterlitten hie en teffens jild stellen hie út 'e kas fan it marshalskantoar. Mei't er dúdlik net mear weromkomme soe, waard Virgil Earp doe troch boargemaster John Clum permanint as stedsmarshal oansteld.

Konflikt mei de Cowboys

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om it near te lizzen op 'e misdie yn Tombstone, naam de gemeenteried yn april 1881 in feroardering oan dy't it foar eltsenien útsein plysjebeämten ferbea om yn 'e stêd deadlike wapens by him te dragen. Eltsenien dy't Tombstone binnenkaam, moast syn wapens fuort letter ynleverje yn in hierstâl of saloon, en hy krige se pas wer as er de stêd wer út gie. Op 26 oktober 1881 waard oan Earp trochdien dat ferskate leden fan 'e Cowboys yn Tombstone arrivearre wiene dy't al moannenlang bedrigings uteren yn 'e rjochting fan Earp en syn bruorren, en dat dyselde mannen wegere hiene om har fjoerwapens yn te leverjen. Dêrmei giene se tsjin de feroardering fan 'e gemeenteried yn, wat betsjutte dat it Earp syn plicht wie om harren yn te rekkenjen.

Virgil Earp gie derop út mei syn broer Morgan, dy't syn helpmarshal wie, en hy soarge foar bykommende stipe troch syn broer Wyatt en dy syn maat Doc Holliday foar dizze gelegenheid ek yn te swarren as tydlike helpmarshals. De Cowboys, om persiis te wêzen de bruorren Frank en Tom McLaury, de bruorren Ike en Billy Clanton en Billy Claiborne, holden har op by in feekraal mei de namme O.K.-Kraal. De konfrontaasje tusken de beide groepen mannen rûn út op 'e beruchte Sjitpartij by de O.K.-Kraal, dy't ien fan 'e bekendste wapene konfrontaasjes is út it hiele Wylde Westen. De lettere ferslaggen fan 'e sjitpartij makken in libbene leginde fan Wyatt Earp. Hy wurdt ornaris ôfskildere as de foaroanman fan 'e Earp-faksje. Mar eins wie Virgil de lieder en syn jongere broer Wyatt mar in tydlike assistint. Foarôfgeande oan 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal hie Wyatt mar by ien sjitpartij belutsen west, wylst Virgil him foarstean litte koe op trije jier ûnderfining yn 'e Boargeroarloch. Morgan Earp hie noch nea earder op immen sketten, wylst Doc Holliday inkeld yn syn eigen sterke ferhalen oan in protte fjoergefjochten dielnommen hie.

De Sjitpartij by de O.K.-Kraal fûn middeis omtrint 15.00 oere plak. By de feekraal oankommen, hiet Virgil de fiif Cowboys dat se harren wapens opjaan moasten. Ynstee briek der in fjoergefjocht út. Ike Clanton en Billy Claiborne naaiden út, mar Frank McLaury, Tom McLaury en Billy Clanton waarden deasketten. Morgan rûn in skampskot oer de skouderblêden en de wringe op, Virgil waard troch it kût sketten en Doc Holliday krige in skampskot. Wyatt Earp wie de iennichste dy't alhiel ûnskansearre út it gefjocht kaam. Trije dagen nei de sjitpartij waard Virgil troch de gemeenteried as stedsmarshal tydlik op non-aktyf set yn ôfwachting fan in ûndersyk nei de konfrontaasje. Hoewol't er úteinlik frijsprutsen waard fan eltse misse set, krige syn reputaasje dêrtroch in knau.

It hjoeddeistige Longhorn Restaurant yn Tombstone is fêstige yn wat yn 1881 de Bucket of Blood Saloon, de Holiday Water Company en it Owl Cafe and Hotel wiene. Virgil Earp waard delsketten út in finster op 'e earste ferdjipping.

Om't se wol foar it ferstân hiene dat de Cowboys de saak net gewurde litte soene, brochten de Earps harren húshâldings neitiid gear yn it Cosmopolitan Hotel, sadat se stipe oaninoar hiene. Op 28 desimber 1881, jûns om likernôch 23.30 oere, waard Virgil Earp, by it skean oerstekken fan 'e strjitte fan 'e Oriental Saloon nei it Cosmopolitan Hotel, út 'e boppeferdjipping wei fan in gebou dat noch yn oanbou wie, fan efteren ôf ûnder fjoer nommen troch trije slûpskutters. Hy waard fan in ôfstân fan nei skatting 18 m ôf rekke yn 'e rêch en yn 'e lofterearm mei trije dûbele skotten hagel út dûbelloops jachtgewearen. It Crystal Palace en de Eagle Brewery, dêr't Earp foar lâns rûn, waarden rekke troch njoggentjin hagelkûgeltsjes, wêrfan't trije troch in rút giene en ien likernôch 30 sm boppe de hollen fan guon manlju lâns gie dy't oan in farobank sieten te spyljen.

Earp strompele slim ferwûne it Cosmopolitan Hotel binnen. Wyatt Earp, dy't yn 'e oertsjûging ferkearde dat de wûnen fan syn broer fataal wêze soene, stjoerde dyselde jûns noch in tillegram nei U.S. marshal Crawley P. Dake om him fan 'e sitewaasje op 'e hichte te stellen. Dokter George E. Goodfellow ferwidere 10 sm oan totaal ferbrizele boppe-earmbonke út 'e lofterearm fan Virgil Earp, mei as gefolch dat er dy earm nea mear brûke kinne soe. Ek helle de dokter tweintich hagelkûgeltsjes út Virgil syn lofterside. Wylst de dokter mei him dwaande wie, treaste Earp syn frou Allie, nei't it skynt, troch te sizzen: "Haw mar gjin noed. Ik haw noch in goede earm oer om dy mei oan te krûpen."

As fertochten fan 'e moardoanslach waarden letter in stikmannich leden fan 'e Cowboys identifisearre: Phin Clanton, Ike Clanton, Johnny Barnes, Johnny Ringo, Hank Swilling en Pete Spence. Hoewol't de hoed fan Ike Clanton yn 'e neite fan it plak delikt oantroffen waard, wie alle bewiismateriaal tsjin harren yndirekt, en allegearre waarden se frijsprutsen. Nei de oanslach brocht Virgil suver in fearnsjier op bêd troch te opbetterjen. Hy wie krekt safierhinne dat er wer wat omrinne koe, doe't op 18 maart 1882 syn broer Morgan deasketten waard troch in oare (of deselde) slûpskutter. In dei letter waard it stoflik omskot fan Morgan Earp nei Benson brocht (40 km fan Tombstone), dêr't it op 'e trein nei Kalifornje set waard ûnder begelieding fan James Earp. Dy brocht it nei Colton, dêr't Morgan yn 'e neite fan 'e wente fan syn âldelju begroeven waard.

It wie op dat stuit praktysk net mooglik om mei-iens Virgil ek op 'e trein te setten, mar sadree't alles beävensearre wurde koe, waarden hy en Allie noch wer in dei letter, op 20 maart, ek nei it spoarstasjon yn Benson brocht. Se waarden begelaat troch Wyatt, dy't himsels nei de oanslach op Virgil ta help-U.S. marshal beneame litten hie, en troch leden fan 'e posse dy't er nei de moard op Morgan gearstald hie. Dêrby wiene Warren Earp, Doc Holliday, Sherman McMasters en "Turkey Creek" Jack Johnson. De mannen wiene swierbewapene mei revolvers, gewearen en jachtgewearen. Virgil wie noch sa swak dat er by it trepke fan 'e treinwagon op droegen wurde moast.

Wyatt-en-dy wiene oarspronklik fan doel west en kear daliks werom nei Tombstone as se Virgil en de frou ienris op 'e trein brocht hiene. Mar, sa hold Wyatt letter út, ûnderweis hie him yn Contention de tynge berikt dat Frank Stilwell, Ike Clanton, Hank Swilling en noch in fjirde lid fan 'e Cowboys yn Tucson de trochgeande treinen nei Kalifornje yn it each holden, mei as doel om Virgil op te heinen en him te fermoardzjen. Dêrom reizgen Wyatt-en-dy mei oant Tucson. Allie bewapene harsels mei de pistoalrym fan har man. Oan in sjoernalist fan 'e San Francisco Examiner fertelde Virgil Earp twa moanne letter dat Stilwell-en-dy suver de earsten wiene dy't se seagen doe't se yn Tucson útstapten om yn in pleatslik hotel te iten. Doe't de Cowboys seagen dat Virgil in eskorte hie, wykten se tebek. Nei iten waard Virgil wer yn 'e trein holpen, wêrnei't Wyatt-en-dy de Cowboys yn 'e rekken holden oant de trein goed en wol ôfset wie.

Neitiid fûn der in konfrontaasje plak tusken Wyatt en Stillwell wêrby't dy lêste dearekke. Neffens Wyatt Earp syn eigen wurden wie it sa goed as in stânrjochtlike eksekúsje, mei't Stillwell neffens him de moardner wie fan syn broer Morgan. De oare Cowboys wisten libben fuort te kommen. Neitiid waard der troch rjochter Charles Meyer in arrestaasjebefel tsjin Wyatt en de oare fjouwer leden fan 'e eskorte útfurdige. Wyatt en syn meistanners begûnen doe, op 'e flecht foar de autoriteiten, har eigen privee-oarlochje tsjin 'e Cowboys, dat bekend kaam te stean as de Earp Vendetta Ride. Dêr wie Virgil, dy't doe al yn Kalifornje wie, net by belutsen.

De 'Slach om it Krúspunt'

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn ôfreis út Tombstone wie Virgil Earp de earstfolgjende pear jier besteld mei it weromwinnen fan syn sûnens. Dat died er benammen yn syn âldershûs yn Colton (Kalifornje), hoewol't er foar medyske behannelings nei San Francisco reizge. Letter setten Earp en de frou harren yn Colton nei wenjen op it adres 528 West H Street, yn in hûs dat noch altyd stiet.

Nettsjinsteande it feit dat er it gebrûk fan syn lofterearm foargoed misse moast, waard Earp yn augustus 1883 as revolverman oannommen troch de Southern Pacific Railroad om 'e spoarlinen fan dy spoarweimaatskippij te bewekjen by de Coltonkrúspunt. As sadanich wied er behelle yn 'e saneamde "Slach om it Krúspunt" (Battle of the Crossing), wêrby't Southern Pacific besocht en kom foar dat in konkurrint, de California Southern Railroad (in dochterûndernimming fan 'e Atchison, Topeka and Santa Fe Railway), by Colton in krúspunt oer it spoar fan 'e Southern Pacific ynstallearje soe om tagong te krijen ta Kalifornje. De boargers fan Colton, dêr't al in spoarstasjon wie, stiene oan 'e kant fan 'e Southern Pacific, wylst de boargers fan San Bernardino, dat Southern Pacific links lizze litten hie, de California Southern stipen, dy't har in eigen stasjon ûnthjitten hie.

Robert Waterman, de gûverneur fan Kalifornje, dy't it spoarmonopoalje fan 'e Southern Pacific yn syn steat brekke woe, hie beslist dat it krúspunt der komme moast, mar de Southern Pacific en de ynwenners fan Colton leine har dêr net by del en blokkearren de boel. Waterman sette mei sheriff J.B. Burkhart fan San Bernardino County en in tsienmans posse nei it Coltonkrúspunt ta. Op 'e moarn fan 13 septimber 1883 berikte de sitewaasje in hichtepunt. De Southern Pacific hie in steamlokomotyf parkearre boppe-op it plak dêr't it krúspunt komme moast, mei oan board in groep swierbewapene revolverlju. Harren lieder wie Virgil Earp, dy't yn it rinpaad tusken de lokomotyf en de koalewagon stie mei in revolver yn 'e rjochterhân. Efter him, oan 'e súdkant fan it spoar, stie in lulke kliber ynwenners fan Colton; foar him, oan 'e noardkant fan it spoar, stie in lulke kliber ynwenners fan San Bernardino. Beide kloften wiene bewapene mei houwielen, heksebilen, revolvers en jachtgewearen.

Gûverneur Waterman en sheriff Burkhart en syn mannen stelden har op tusken de kliber folk út San Bernardino en de lokomotyf yn. Waterman hie in gerjochtlik befel by him dat de California Southern yn it gelyk stelde en de Southern Pacific twong om it krúspunt oer harren spoar te akseptearjen. Hy lies dat lûdop foar. Dêrnei warskôge er Earp dat er sheriff Burkhart en syn mannen opdracht jûn hie om it fjoer te iepenjen as hy of ien fan 'e oare revolverlju fan 'e Southern Pacific in fjoerwapen optille soe. Op dat stuit wie it in dûbeltsje op syn kant. De sitewaasje hie útrinne kinnen op in noch folle bloediger sjitpartij as dy by de O.K.-Kraal. Mar Virgil Earp lei him del by it gerjochtlik befel, holstere syn revolver en joech de masinist opdracht om 'e lokomotyf te ferriden. Sa rûn de konfrontaasje mei in skamper ôf. It krúspunt waard dyselde deis noch ynstallearre en doe wie it dien mei it spoarmonopoalje fan 'e Southern Pacific yn Kalifornje.

It grêf fan Virgil Earp yn Portland (Oregon).
De tekst op 'e grêfsark fan Virgil Earp.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1884 rjochte Earp yn Colton in eigen detektiveburo op, dat nei't it skynt in stille dea stoar doe't er yn july 1886 keazen waard ta de pleatslike fjildwachter (village constable). Doe't Colton yn 'e simmer fan 1887 stedsrjochten krige, waard Earp op 11 july keazen ta de earste stedsmarshal. Hy hie in salaris fan $75 de moanne en waard yn 1888 werkeazen yn deselde funksje. It bestean fan in pleatslike plysje yn Colton wie lang sa spannend net as yn Tombstone, mar miskien foldie him dat wol sa goed, de omstannichheden fan syn ôfreis út Tombstone yn acht nommen. Syn wurk omfette sokke dingen as it frijmeitsjen fan ferstoppe rioelen en it byhâlden fan 'e gloeilampen yn 'e elektryske strjitferljochting.

Yn it neijier fan 1888 naam Earp ûntslach as marshal yn Colton en ferfearen hy en Allie nei San Bernardino (Kalifornje). Fiif jier letter, yn 1893, ferhuzen se op 'e nij, diskear nei it mynstedsje Vanderbilt (Kalifornje), dat mar in koart libben beskern wie. Neffens syn frou wie Earp dêr de eigner en útbater fan 'e Earp Hall, it iennichste gebou fan twa ferdjippings yn it hiele plak, dat tsjinst die saloon, stedhûs en tsjerke. Earp besocht yn Vanderbilt ek wer fjildwachter te wurden, mar hy ferlear yn 1894 de ferkiezings foar dat amt. Yn 1895 reizgen Earp en de frou nei Kolorado, dêr't se Wyatt Earp metten en mar koart bleaune. Letter dat jier ferhuzen se werom nei Prescott (Arizona), dêr't se ek wenne hiene foar't se nei Tombstone gien wiene. Earp rekke dêr behelle yn 'e mynbou. Noch wer letter giene se nei de Kirklanddelling besuden Prescott, dêr't Earp in ranch begûn. Yn 1900 stelde Earp him kandidaat foar de ferkiezing fan sheriff fan Yavapai County (Arizona) (dêr't sawol Prescott as de Kirkdelling yn lizze), mar hy loek him om sûnensredens werom ear't de ferkiezings plakfûnen.

Yn 1898 ûntfong Earp in brief fan in frou Levi Law dy't grif frijwat emosjoneel trelit by him feroarsake hawwe moat. Frou Levi Law bliek syn âldste dochter Nellie Jane te wêzen, dy't yn 1863 mei har mem Ellen nei Oregon ta set en út syn libben ferdwûn wie, nei't Ellen it nijs trochdien wie dat Earp yn 'e Boargeroarloch sneuvele wie. Oanfitere troch syn frou Allie reizge Virgil Earp nei Portland (Oregon), dêr't er nei 37 jier Ellen en harren dochter Nellie wer mette, en dêropta ek trije pakesizzers wêrfan't er net witten hie dat er se hie. Letter dat jiers brocht Nellie Jane in besyk oan Virgil en Allie yn Arizona.

It is net alhiel dúdlik wannear't Earp en de frou weromkearden nei Colton yn Kalifornje, mar dat moat foar 1904 west hawwe, doe't hy en trije oaren om 'e nocht in petysje oanbeane oan 'e pleatslike gemeenteried om 'e feroardering op te heffen dy't mar ien saloon yn it stedsje tastie. Letter datselde jiers setten Earp en de frou nei Nevada ta, dêr't se har by syn broer Wyatt joegen yn Goldfield, dat op dat stuit in mynbou-boom trochmakke. Virgil Earp waard dêr helpsheriff foar de sheriff fan Esmeralda County. Mar hy rûn in longûntstekking op en nei't er dêr seis moanne lang mei omgammele hie, kaam er op 19 oktober 1905 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 62 jier. Syn broer Wyatt wie doe noch de iennichste oerlibbene fan 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal.

Op fersyk fan syn dochter Nellie Jane stimde syn widdo Allie deryn ta dat Virgil Earp yn Portland yn Oregon syn lêste rêstplak krije soe. Hy leit dêre begroeven op it River View Cemetery. Nei syn dea ferhuze Allie werom nei Colton, dêr't se deunby de famylje fan har man wêze koe. Se libbe dêr noch 42 jier, oant se yn 1947 op 'e hege jierren fan 99 jier kaam te ferstjerren. Allie Sullivan waard begroeven yn San Bernardino.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.