Springe nei ynhâld

Viola Holt

Ut Wikipedy
Viola Holt
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Viola Holt (2008)
Viola Holt (2008)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeViola Holt-van Emmenes
nasjonaliteit Nederlânsk
berne5 augustus 1949
berteplakDe Haach
stoarn6 novimber 2025
stjerplakMuiderberch
wurkpaad
wurksum asPresentatrise
mediumTelevyzje
wurksum byRTL 4,
NOS,
AVRO
TROS
bekend fanDe 5 Uur Show
jierren aktyf1966-2005

Viola Holt-van Emmenes (De Haach,5 augustus 1949 - Muiderberch,6 novimber 2025) wie in Nederlânsk telefyzjepresintatrise.

Holt begûn op 17-jierrige leeftiid as omropster by de AVRO. Yn 1989 presintearre se it programma De 5 Uur Show mei Dieuwertje Blok, Catherine Keyl, Myrna Goossen en Maya Eksteen. Sy bleaune net lang ferbûn oan de show, mar Holt bleau oant de lêste útstjoering yn 1998.

Yn 1999 presintearre Holt in nije ferzje fan it programma Klasgenoten. Dat bleau by ien seizoen, omdat it programma neffens RTL 4 in te âlde doelgroep oanluts. Yn de jierren dêrnei presintearre Holt noch ferskate telefyzjeprogramma's, mar besleat de fokus te lizzen op oare projekten.

Viola Holt ferstoar op 6 novimber, hommels yn 'e âldens fan 76 jier.

  • De Playboy út 1984 dêr't Holt yn stie, is oant op de dei fan hjoed de bêstferkochte Playboy ea.
  • Yn septimber 2007 befêstige se yn De Telegraaf dat se yn har begjinjierren by de NOS as omropster in relaasje hân hie mei Joop van Zijl.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL