Viola Hatch

Ut Wikipedy
Viola Hatch
politikus
echte namme Viola Sutton Hatch
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 12 febrewaris 1930
berteplak Geary (Oklahoma)
etnisiteit Súdlik Arapaho
foarsitter fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma
amtsperioade 19941995
skathâlder fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma
amtsperioade 19891991
fise-foarsitter fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma
amtsperioade 19871988
lid fan 'e sakekommisje fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma
amtsperioade 19821985
19881993

Viola Hatch (folút: Viola Sutton Hatch; Geary (Oklahoma), 12 febrewaris 1930) is in Amerikaansk politika, bestjoerster en aktiviste fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja wie ien fan 'e oprjochters fan 'e Nasjonale Yndiaanske Jeugdried en naam diel oan 'e Besetting fan Wounded Knee en ferskate oare opfallende protestaksjes. Fan 1994 oant 1995 tsjinne se as foarsitter fan 'e federaal erkende Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hatch waard yn 1930 berne as Viola Sutton yn 'e neite fan Geary, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Hja wie de dochter fan Harry Arthur Sutton (1907-1978), in opperhaad fan 'e Súdlike Arapaho en minnistysk predikant, en dy syn frou Sallie Blackbear (1912-1988). Hatch hie trije bruorren en njoggen susters: Cora Mae Sutton Scabbyhorse Querdibitty, Patricia Ann Sutton Walker, Nancy Ruth Sutton, Lavonta Sutton Kenrick, William Ray "Billy" Sutton, Charlene Sutton Lime, Arthur Warren Sutton, Wilda Jean Sutton Allen Gould, Georgia Mae Sutton Roberts, Allen D. Sutton, Ava Dushane Sutton Benson, en Marcella Dawn "Marci" Sutton Armijo. Sawol har broer Billy as har broer Allen tsjinnen letter as opperhaden fan 'e Súdlike Arapaho.

Omtrint 1938, doe't Hatch acht jier wei, ferfear it gesin nei Canton, dêr't Hatch de legere skoalle ôfmakke. Dêrnei waard se nei de Yndiaanske kostskoalle yn Concho ta stjoerd, dêr't se ûnder in systeem fan militêre dissipline de húshâldskoalle trochrûn. Frustrearre troch it lege nivo fan 'e oplieding gie se fan skoalle en ferhuze se nei Chicago, dêr't se wurk fûn by in postorderbedriuw op it mêd fan moade en assessoires. Dêr kaam se ek yn 'e kunde mei Donald Vernon Hatch (1929-2013), in jonge fakbûnsman, mei wa't se op 5 juny 1954 troude. Ut dat houlik soene fjouwer bern fuortkomme; Sue Hatch Silcott, Hollie Hatch Youngbear, Donald Vernon "Buddy" Hatch jr en Roger Hatch.

Aktivisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op oantrún fan har man waard Hatch polityk aktyf foar de Yndianen. Sa wie se belutsen by de organisaasje Oklahomans for Indian Opportunity (OIO), dat it earste gearwurkingsferbân wie tusken de Flaktestammen fan westlik Oklahoma mei de Fiif Beskaafde Stammen út it eastlike part fan 'e steat. Yn 1961 wie se yn Gallup, yn Nij-Meksiko, yn 'e mande mei û.o. Clyde Warrior, Della Hopper en Mel Thom ien fan 'e oprjochters fan 'e Nasjonale Yndiaanske Jeugdried (NIYC). Hatch soe oant 2015 yn it bestjoer fan dy organisaasje sitte. Nei de oprjochting fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM), yn 1968, rekke Hatch ek by dy organisaasje nau belutsen. Sa wie se mei Carter Camp ien fan 'e lieders fan 'e groep fan fjirtich oan fyftich AIM-aktivisten dy't fan 12 oant 14 septimber 1972 yn Oklahoma City it kantoar fan Overton James besette, de direkteur fan it Yndiaanske ûnderwiis yn 'e steat Oklahoma.

Op 20 septimber fan dat jier waard Hatch har soan Buddy fan skoalle stjoerd om't syn (tradisjonele Yndiaanske) lange hier troch de blanke skoallieding as ûnakseptabel en subversyf beskôge waard. Dêrop spande Hatch in rjochtsaak oan tsjin it skoaldistrikt fan Canton. Hoewol't de rjochtbank wegere en doch in útspraak oer de kearn fan 'e saak, waard wol fêststeld dat it skoaldistrikt de eigen regels oertrêde hie troch de âlden net yn 'e gelegenheid te stellen om protest oan te tekenjen tsjin 'e beslissing om harren soan fan skoalle te stjoeren. Op basis fan dy foarmflater moast de skoalle Hatch har soan neitiid wer op 'e nij talitte.

Yn 1973 namen Hatch en har man mei û.o. Carter Camp, Dennis Banks, Russell Means, Frank Fools Crow, Ellen Moves Camp en Pedro Bissonette diel oan 'e Besetting fan Wounded Knee, wêrby't se fan 27 febrewaris oant 8 maaie it plakje Wounded Knee (Súd-Dakota) beset holden en dêrby in belegering troch de FBI en de United States Marshals Service trochstiene. Yn 1989 wie Hatch ien fan 'e Yndiaanske foaroanlju by it krewearjen fan it Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen (NCAI) om 19.000 Yndiaanske stoflike omskotten werom te krijen fan it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C. De ynset fan har en oaren yn dizze kwestje late yn 1990 ta it oannimmen troch it Amerikaanske Kongres fan 'e Wet op de Beskerming en Weromjefte fan Yndiaanske Grêven.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jierren tachtich en njoggentich wie Hatch tige aktyf yn it bestjoer fan har stamme, de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma. Fan 1982 oant 1985 en fan 1988 oant 1993 hie se in sit yn 'e sakekommisje. Fan 1987 oant 1988 wie se fise-foarsitster fan it stammebestjoer, fan 1989 oant 1991 skathâldster en fan 1994 oant 1995 foarsitster. Yn maart 1995 moast se ôftrede doe't se troch it Iepenbier Ministearje yn beskuldiging steld waard fan fraude en fertsjustering fan $18.000 oan stammejild en gearspanning om it iepenbier bestjoer skea ta te bringen. De rjochtbank yn Oklahoma City ferwiisde yn july 1995 daliks de oanklachten foar fertsjustering en gearspanning fanwegen gebrek oan bewiis nei de foddekoer, mar befûn Hatch skuldich oan fraude en feroardiele har ta 1 jier finzenisstraf. Yn heger berop spriek it gerjochtshôf yn Denver har lykwols ek op dat punt frij.

Lettere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002, doe't de stêd Sturgis, yn Súd-Dakota, tastimming joech foar de oanlis fan in sportkompleks en sjitbaan fuort benoarden Bear Butte, dat troch sa'n 35 Yndiaanske stammen as in hillich plak beskôge wurdt, joegen Hatch en har man harren by fertsjintwurdigers fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme, de Rosebud Sû Stamme, de Crow Creek Sû Stamme, de Jankton Sû Stamme en Yndiaanske aktivisten út 'e hiele Feriene Steaten om tsjin dat beslút te protestearjen. Dat hie fan gefolgen dat de beslissing yn desimber 2003 weromdraaid waard en dat it projekt dêrtroch op 'e non rûn. Sûnt dy tiid is Hatch tige aktyf as sprekster op skoallen. Fierders hat se sit yn 'e Taaladvysried fan 'e Súdlike Sjajinne en Arapaho Stamme en ferskate oare rieën en organisaasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.