Vieux Lyon
| Histoarysk gebiet fan Lyon | ||
| lân | ||
| plak | Lyon | |
| UNESCO-folchnûmer | 872 | |
| kritearia | (ii), (iv) | |
| ynskriuwing | 1998 (22e sessy) | |
| gebiet | 427 ha | |
| buffersône | 323 ha | |
| Kaart | ||
| UNESCO-wrâlderfgoedlist | ||
Vieux Lyon is in wyk yn 'e Frânske sted Lyon oan 'e rjochter igge fan 'e Saône oan 'e foet fan 'e Fourvièreheuvel. It is de midsiuwske- en renêssânsewyk fan 'e stêd en bestiet út trije ôfsûnderlike buerten (Saint-Jean, Saint-Paul en Saint-Georges). Yn 'e rin fan 'e skiednis makke it gebiet ferskillende fazes mei fan stedsûntwikkeling.
Yn 'e 19e iuw waard it gebiet ferwaarloazge en leechlein, mar de ferskate restauraasjeprojekten dy't yn 'e jierren 1880 útein setten, ha de ynsichten fan earmoede en ferfal dy't mei it gebiet assosjearre waarden, stadichoan feroare. Hjoed-de-dei is it de histoaryske wyk dy't as beskerme stedsgesicht wurdt wurdearre en no op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet.
Untwikkeling fan Lyon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Lyon begûn yn 43 f.Kr. te bloeien mei de Romeinske delsetting op 'e Fourvièreheuvel, dy't him dêrnei ûntwikkele ta in stêd. Nei de fal fan it Romeinske Ryk bleau de stêd in wichtich ekonomysk sintrum en der waarden ferskillende kleasters stifte. Bysûnder is dat it stedsintrum fan Lyon net lykas by in soad oare Europeeske stêden boppe de âlde stêd boud waard, mar yn 'e rin fan 'e tiid op in oar plak mear yn it easten, sadat der noch in soad oerbliuwsels fan 'e âlde stêd bewarre bleaune.
De trije wiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vieux Lyon bestiet út trije lytsere wenbuerten, fan noard nei súd: Saint-Paul, Saint-Jean en Saint-Georges.
Saint-Georges
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wichtige lokaasjes:
- De Église Saint-Georges (Sint-Joaristsjerke);
- It Place de la Trinité.
Saint-Jean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saint-Jean is de meast bekende buert troch de katedraal fan Lyon. De belangrykste strjitte is de rue Saint-Jean, dy't oant de buert Saint-Paul rint. Wichtige lokaasjes yn Saint-Jean:
- De Primatiale Saint-Jean (katedraal fan Lyon).
- It Palais Saint-Jean, it âlde aartsbiskoplike paleis, hjoed-de-dei in bibleteek.
- It oan 'e skiednis fan Lyon en trekpoppen wijde Musée Gadagne oant it Place du Petit Collège.
- It 16e-iuwske Maison du Crible (ek Tour rose) oan 'e rue du Bœuf.
- It Hôtel du Chamarier (ek Maison François d'Estaing) oan 'e rue Saint-Jean datearret fan 'e 15e-iuw en stiet op 13e-iuwske fûneminten.
- It Cour de l'Auberge de la Croix d'Or oan 'e rue Saint-Jean datearret fan 'e 15e iuw. Oant 1990 wie it de sit fan 'e Oarder fan Abbekaten. Yn dat jier kocht Dan Ohlmann it oan, dy't der in museum foar miniatueren en filmsets fan makke.
Saint-Paul
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Saint-Paul is de buert om it stasjon Saint-Paul en de tsjerke mei deselde namme hinne. It is ek de buert mei twa grutte partikuliere ûnderwiisynstellingen. Belangrike histoaryske lokaasjes yn 'e buert binne:
- It stasjon Saint-Paul waard yn 1876 iepene en it oangrinzgjende Place Saint-Paul.
- De Église Saint-Paul (Sint-Paulustsjerke) is ien fan 'e âldste tsjerken fan Lyon. De skiednis fan 'e tsjerke giet op 'e 9e iuw werom..
- It hûs oan 'e Place de la Boucherie 2 út 1795 fan Laurent Mourguete, de útfiner fan Guignol, in ferneamd personaazje yn it Frânske poppeteäter.
- De Loge au Change (foar jildwikselers) waard tusken 1747 en 1749 troch arsjitekt Soufflot boud.
De Fourvièreheuvel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 'e Fourvièreheuvel binne de âldste oerbliuwsels fan it Romeinske Lugdunum, de haadstêd fan 'e Galjers yn 'e tiid fan it Romeinske Ryk. Twa âlde teäters tsjûgje fan dy tiid: it grutte teäter út de 1e iuw f.Kr. en útwreide yn 'e 1e iuw n.Kr. koe wol 10.000 besikers bergje. It lytsere teäter, bekend as it Odeon, tsjinne as lokaasje foar lêzingen en lytse útfierings. Yn it museum binne archeologyske fynsten út Lyon te besjen. De basilyk Notre-Dame de Fourvière is in ikoanysk monumint dat tusken 1872 en 1896 boud waard.
Wichtige plakken binne:
- Notre-Dame de Fourvière Basilica (Basilyk Notre-Dame de Fourvière).
- Musée gallo-romain de Fourvière en de Romeinske teáters.
- It park Jardins du Rosaire.
Les Pentes de Croix-Rousse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Croix-Rousse stiet ûnder ynwenners bekend as la colline qui travaille (de heuvel dy't wurket). It wie yn 'e 19e iuw de wyk dêr't tekstyl produsearre waard. Likernôch 30.000 wevers makken fan Croix-Rousse in warbere wyk en holpen de stêd útgroeien ta in sintrum fan tekstylproduksje yn Europa. De eardere arbeiderswyk wie yn 'e Twadde Wrâldkriich in sintrum fan ferset en is hjoed-de-dei populêr by keunstners.
Wichtige lokaasjes:
- De Montée de la Grande Côte is in strjitte yn 'e wyk, dy't yn 'e midsiuwen noch in plattelânspaad wie tusken lânbougrûn en wyngerds. Yn it súdlike diel fan 'e strjitte binne prachtige doarren en bôgen te sjen.
- De Romeinske ruïnes fan it Amphithéâtre des Trois-Gaules.
- De miraboules en traboules (ferburgen binnenplakken en trochgongen) fan 'e Croix-Rousse binne fral 18e en 19e iuwsk.
- It Place Bellevue jout in panoramysk sicht op 'e lofter igge fan 'e Rône
La Presqu'île
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk Presqu'île wurdt sûnt de renêssânse bewenne en is ferskillende kearen útwreide. Yn 'e 19e iuw is der in soad feroare. De 19e-iuwske gebouwen tsjûgje fan wolstân en heechweardige arsjitektuer lykas it Grand Hôtel-Dieu. It neamen wurdich binne:
- Place des Terreaux: stedhûs en it Musée des Beaux-arts;
- Opéra de Lyon.
- It fresko fan Lyonnais is in op in muorre skildere trompe l'oeil, dat sûnt 1995 al troch miljoenen toeristen besocht is.
- De goatyske Église Saint-Nizier (Sint-Nisetiustsjerke).
- De 19e-iuwske Passage de l'Argue, in oerdutsen passaazjes mei âlde winkels.
- Théâtre des Célestins (Selestynsk teäter).
- De fontein ta Place des Jacobins.
- Place Bellecour.
- It Grand Hôtel-Dieu.
- De romaanske Église St-Martin d’Ainay Basilica (Sint-Martinusbasilyk fan Ainay).
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vieux Lyon fan Wikimedia Commons. |