Vierde Kwadrant (Huizen)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Vierde Kwadrant (Huzen))
Jump to navigation Jump to search
Map - NL - Huizen - Wijk 12 Hogemaat - Buurt 26 Filosofenbuurt.svg
Map - NL - Huizen - Wijk 12 Hogemaat - Buurt 31 De Tuit.svg

It Vierde Kwadrant yn it Noard-Hollânske Huizen is de lêst realisearre nijbouwyk fan dizze gemeente. De earste huzen waarden oplevere yn novimber 1996.

It doel efter de bou fan it Vierde Kwadrant wie de útwreiding fan it ynwennertal fan Huizen. Huizen is al in groeigemeente en is yn de planologyske kearnbeslissing fan It Goai dêr ek foar oanwiisd. Hjirby spile mei dat it greidegebiet dat der earst lei lukratyf wie foar de gemeente en net brûkt waard foar lânbou. Benammen hynders en bollen begersken it gebiet. Boppedat wie in foar it meastepart ûntagonklik foar rekreaasje. Fierder spile it in rol dat Huizen krekt ûnder de noarm foar in hegere subsydzjeskaal fan it Ryk sit. In soad projekten hawwe ek as doel om it ynwennertal te fergrutsjen boppe dizze grins.

De gemeente Blaricum is dwaande mei de ûntwikkeling fan de oerbleaune greiden tusken de A27 en it Vierde Kwadrant te bebouwen. Under de namme 'Blaricummermeent' wurdt it lêste stik grien rjochting de Goaimar beboud.