Victoria's Secret
Victoria's Secret | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | klean (benammen linzjery) | |
haadkertier | Columbus (Ohio) | |
oprjochte | 1977 | |
oprjochter | Roy Raymond | |
mem | L Brands | |
sifers | ||
omset | $6,1 miljard (2012) | |
aktyf yn | de Feriene Steaten en 12 oare lannen | |
tal lokaasjes | 1.017 winkels en 18 francise-winkels (2012) | |
offisjele webside | ||
www.victoriassecret.com |
Victoria's Secret is in Amerikaansk bedriuw dat klean ûntwerpt, makket en ferkeapet. Hoewol't dizze ûndernimming benammen bekend is om syn linzjery, produsearret en ferkeapet Victoria's Secret ek baaiklean, boppeklean en fuotark foar froulju, en teffens rûkersguod, make-up en assessoires. It bedriuw waard yn 1977 oprjochte en hat him sûnt ûntjûn ta de grutste Amerikaanske detailhannelssaak op it mêd fan frouljusûnderguod. Victoria's Secret is foar 100% yn eigendom fan it memmebedriuw L Brands, wêrfan't de oandielen op 'e Amerikaanske effektebeurzen frij ferhannele wurde kinne. It haadkertier is fêstige yn Columbus (Ohio). Yn 2012 omfieme Victoria's Secret 1.017 eigen winkels en 18 franchisenimmers, dy't behalven yn 'e Feriene Steaten ek yn Kanada, Eastenryk, de Filipinen, Grut-Brittanje, Ierlân, Israel, Maleizje, Meksiko, Poalen, Sina, Tailân en Taiwan fêstige wiene.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Victoria's Secret waard op 12 juny 1977 yn Palo Alto, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, oprjochte troch Roy Raymond en dy syn frou Gaye. Acht jier earder wie Raymond yn ferlegenheid brocht doe't er yn in grut Amerikaanske warehûs linzjery foar syn frou keapje woe. Hy besleat dat der in gat yn 'e merk siet, en ferdjippe him jierrenlang yn 'e wrâld fan 'e linzjery ear't er $40.000 liende om in eigen linzjerywinkel te iepenjen. Yn it earste jier hie de winkel in omset fan $500.000, wat genôch wie om 'e útwreiding mei fjouwer nije winkels en in postorderbedriuw te finansieren. De twadde en trêde winkel giene yn 1980 yn San Francisco iepen, en de fjirde winkel, ek yn San Francisco, folge yn 1982. Yn april 1982 liet Raymond ek syn earste katalogus drukke, en dat earste jiers berûn de ferkeap fia de postorderpoat al 55% fan 'e totale omset fan $5 miljoen.
Op dat punt besleat Raymond om te ynkassearjen, en ferkocht er syn bedriuw foar $1 miljoen oan Leslie Wexner, de oprjochter fan Limited Stores, Inc. yn Columbus, yn 'e steat Ohio. Geandewei 1983 reorganisearre Wexner Victoria's Secret folslein. De winkels feroaren fan in opset dy't rjochte wie op manlju dy't ûnderguod foar harren froulju keapje woene, yn winkels dy't rjochte wiene op froulju dy't ûnderguod foar harrensels keapje woene, wat in folle bredere merk wie dy't fierder groeien mooglik makke. Tusken 1982 en 1987 kamen der 342 nije winkels by, ferspraat oer de hiele Feriene Steaten. Boppedat begûn men yn dy snuorje in eigen kolleksje linzjery te ûntwerpen en te produsearjen ynstee fan inkeld produkten fan oare produsinten te ferkeapjen. Njonken linzjery wie yn 'e Victoria's Secret-winkels fan 1985 oant 1993 ek manljusûnderguod te krijen, en yn 1992 begûn men in eigen kolleksje rûkersguod op 'e merk te bringen.
Tusken 1990 en 1993 oppenearren har oanhâldende swierrichheden op it mêd fan 'e kwaliteit fan 'e produkten, dy't mids jierren njoggentich lykwols oplost waarden troch Grace Nichols, de doetiidske presidint-direkteur fan it bedriuw. Yn dyselde perioade yntrodusearre Victoria's Secret ek de saneamde Miracle Bra, in push-upbeha dêr't yn it earste jier mear as twa miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. Tsjin 1998 bedroech it oandiel fan Victoria's Secret yn 'e Amerikaanske linzjerymerk 14%. Datselde jiers begûn it bedriuw ek kosmetika te ferkeapjen. Koart nei de milenniumwiksel, doe't de postorderferkeap yn 'e nederklits rekke wie, kearde de nije presidint-direkteur, Sharen Jester Turney, it tij troch, sa't se it sels ferwurde "minder te focussen op al dy dekolletees" en "de hoerige útstrieling te timperjen" en sa in publyk fan in hegere klasse te lûken. Yn july 2004 waard Pink lansearre, in kolleksje frijetiidsklean, bêdrêding en linzjery dy't benammen rjochte is op studinten.
Modellen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grut tal froulike modellen binne ferneamd wurden troch harren wurk foar Victoria's Secret. Dêrûnder binne Lily Aldridge, Tyra Banks, Lindsay Ellingson, Erin Heatherton, Taylor Marie Hill, Jasmine Hooks, Martha Hunt, Chanel Iman, Karlie Kloss, Marisa Miller, Chandra North en Stephanie Seymour út 'e Feriene Steaten; Inés Rivero út Argentynje; Miranda Kerr út Austraalje; Alessandra Ambrosio, Gisele Bündchen, Izabel Goulart, Adriana Lima en Lais Ribeiro út Brazylje; Helena Christensen en Josephine Skriver út Denemark; Heidi Klum út Dútslân; Laetitia Casta út Frankryk; Rosie Huntington-Whiteley en Stella Maxwell út Grut-Brittanje; Selita Ebanks fan 'e Kaaimaneilannen; Yasmeen Ghauri út Kanada; Behati Prinsloo út Namybje; Doutzen Kroes, Karen Mulder en Romee Strijd út Nederlân; Jac Jagaciak út Poalen; Sara Sampaio út Portegal; Kate Grigorjeva út Ruslân; Candice Swanepoel út Súd-Afrika; Elsa Hosk út Sweden; en Karolina Kurková en Daniela Preštová út 'e Tsjechyske Republyk.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|