Verschueren Orgelbouw

Verschueren Orgelbouw is in Nederlânsk oargelbedriuw út Heythuysen, dat oer de hiele wrâld oargels boud.
It bedriuw waard op 5 maaie 1891 stifte troch Leon Verschueren (1866–1957). Fral nei de Twadde Wrâldkriich levere it bedriuw ek oargels oan it bûtenlân. Sûnt 1970 die it bedriuw ûnderfining op mei de restauraasje fan histoaryske oargels, wêrmei't it bedriuw kennis op die foar de nijbou fan histoarisearjende oargels, wêrmei't it bedriuw him hjoed-de-dei ûnderskiedt.
It bedriuw bleau yn hannen fan trije opienfolgjende generaasjes. Yn novimber 2010 waarden de oandielen oan 'e Stifting Verschueren Orgelbouw oerdroegen. Yn oktober 2015 ferhûze it bedriuw fan Heythuysen nei Ittervoort.
It bedriuw draacht sûnt it 100-jierrich bestean it predikaat "Hofleveransier"
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Verschueren Oargels fan Wikimedia Commons. |