Berchtme fan Verchojansk
| Berchtme fan Verchojansk | ||
| geografy | ||
| diel fan | Eastsibearysk Berchlân | |
| regio | noardeastlik Sibearje | |
| lân | ||
| dielrepublyk | ||
| sifers | ||
| oerflak | ±400.000 km² | |
| lingte | 1.100 km | |
| breedte | 400 km | |
| heechste punt | Mûs-Chaja | |
| hichte | 2.959 m | |
| geology | ||
| yndieling | heechberchtme | |
| kaart | ||
| De lizzing fan it Berchtme fan Verchojansk (read omrâne) yn eastlik Sibearje. | ||
It Berchtme fan Verchojansk[1] (Russysk: Верхоянский хребет, Verchojanskij Chrebet; Jakoetysk: Үөһээ Дьааҥы Сис Хайата, Üöhee Caaŋı Sis Xayata), soms ek wol it Verchojanskberchtme neamd, is in berchtme yn noardeastlik Sibearje. It makket diel út fan it Eastsibearysk Berchlân en leit yn 'e republyk Sacha. It is ferneamd nei de stêd Verchojansk. It Berchtme fan Verchojansk stiet bekend om syn ekstreem kâlde klimaat. De heechste top is de Mûs-Chaja, mei in hichte fan 2.959 m.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Berchtme fan Verchojansk leit yn it noardeasten fan Sibearje, hielendal binnen de grinzen fan 'e (yn namme) autonome republyk Sacha (foarhinne bekend as Jakoesje). Dat gebiet waard oarspronklik oprjochte as thúslân foar de Jakoeten, in etnyske minderheid dy't in Turkske taal sprekt. Geografysk heart it Berchtme fan Verchojansk ta it Eastsibearysk Berchlân, dat him by de hiele kust fan it Russyske Fiere Easten lâns útstrekt en ek djip it binnenlân fan Sibearje yn rikt. Yn 'e lêste iistiid wie it Berchtme fan Verchojansk oerdutsen troch gletsjers, en it fertoant dêrom, fral yn it noarden, in karakteristyk alpine reliëf.
Yn it noarden riist it Berchtme fan Verchojansk op by de kust fan 'e Golf fan Bûor-Chaja, dy't diel útmakket fan 'e Laptevsee, dat wer in rânesee is fan 'e Noardlike Iissee. Dêrwei rint it berchtme rûchwei 1.100 km yn súdlike en letter yn eastsúdeastlike rjochting. Op it breedste punt is it likernôch 400 km dwersoer en it beslacht in oerflak fan omtrint 400.000 km². It Berchtme fan Verchojansk rint troch it sintrale en eastlike diel fan Sacha. It wurdt oan 'e westkant begrinzge troch it Middenjakoetysk Leechlân, it streamgebiet fan 'e rivier de Lena. Yn it noardeasten foarmet de delling fan 'e rivier de Jana de ôffreding en súdlik dêrfan it Heechlân fan Ojmjakon. Oarekant fan dy beide lânfoarmen, likernôch 400 km nei it easten ta, riist it Tsjerskiberchtme op, dat lykstrekich mei it Berchtme fan Verchojansk oprint. Op dy manear foarmet it Berchtme fan Verchojansk in reuseftige healmoannefoarm tusken de Lena en de Jana.

Yn it suden wurdt it ôffrede troch de Altan, de wichtichste sydrivier fan 'e Lena. Dêr rikt it Berchtme fan Verchojansk oan it Lenaplato ta en yn it súdeasten oan it Jûdoma-Majaheechlân ta. Yn it súdeasten giet it úteinlik oer yn it Dzjûgdzjoerberchtme, dat oan 'e kust fan 'e See fan Ochotsk leit. Lykwols wurdt it súdeastlikste diel fan it Berchtme fan Verchojansk, dat it Sûntar-Chajataberchtme hjit, ek wol beskôge as in selsstannich diel fan it Eastsibearysk Berchlân. De heechste berch fan it Berchtme fan Verchojansk is de Mûs-Chaja, mei in hichte fan 2.959 m boppe seenivo, dy't yn it Sûntar-Chajataberchtme leit. As dat los fan it Berchtme fan Verchojansk sjoen wurdt, is de heechste top fan it Berchtme fan Verchojansk ynstee in nammeleaze 2.409 m hege berch yn it Orûlganberchtme.
De wichtichste rivieren dy't yn it Berchtme fan Verchojansk ûntspringe, binne de Undjûljûng, de Begidjan, de Soboloch-Majan, de Dzjardzjan, de Mûnni en de Baraj, dy't útmûnje yn 'e Lena, de Dûlganach en de Sartang, dy't útmûnje yn 'e Jana, en de Koeranach-Joerjach en de Arga-Joerjach, dy't útmûnje yn 'e Omoloj, de wichtichste sydrivier fan 'e Jana.
Subberchtmen fan it Berchtme fan Verchojansk binne:
- benoarden de poalsirkel:
- it Charaulachberchtme
- de Tûora Sis
- it Kûngaberchtme
- it Dzjardzjanberchtme
- it Sietindenberchtme
- it Kûlarberchtme
- it Byrandiaberchtme
- it Kûjeljachberchtme
- it Charaulachberchtme
- besuden de poalsirkel:
- it Echyskymassyf
- it Arkachanplato
- it Tagindzjinberchtme
- it Mûosûchanberchtme
- it Bygynberchtme
- it Kûtoerginberchtme
- it Mûnniberchtme
- it Kelterberchtme
- it Sorkinberchtme
- it Ust-Viljûjberchtme
- it Tsjotsjûmberchtme
- it Sordoginberchtme
- it Chabachberchtme
- it Chûnchadinberchtme
- súdeastlikste part

Geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Berchtme fan Verchojansk leit krekt bewesten de skieding fan 'e Jeraziatyske en de Noardamerikaanske tektoanyske platen. De bergen waarden foarme troch it optearen fan it ierdoerflak by dy skieding.
Mynbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Berchtme fan Verchojansk is ien fan 'e meast ûnherberchsume kontreien fan Sibearje. Nettsjinsteande dat is der wol deeglik minsklike aktiviteit, mei't de bergen ryk binne oan dylchstoffen. Sadwaande wurdt der gâns mynbou bedreaun, fral nei stienkoal, sulver, lead, tin en sink.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Berchtme fan Verchojansk binne de leechste temperatueren optekene fan alle troch minsken bewenne plakken op 'e wrâld, te witten: −67,8 °C op 6 febrewaris 1933 by Verchojansk en Ojmjakon. Alle rivieren yn it berchtme binne tusken septimber en maaie ornaris tichtferzen, en der leit yn dyselde perioade djippe snie. Nettsjinsteande dat komme der op 'e guon berchskeanten dy't dêr gaadlik foar binne, tinne wâlden fan lieren en Sibearyske dwerchdinnen foar.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
