Springe nei ynhâld

Veraguaskwarteldo

Ut Wikipedy
Veraguaskwarteldo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dowen (Columbidae)
skaai Veraguaskwarteldowen (Leptotrygon)
(Banks, Weckstein, Remsen & Johnson, 2013)
soarte
Leptotrygon veraguensis
(Lawrence, 1866)
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Veraguaskwarteldo (Leptotrygon veraguensi) is in fûgelsoarte út 'e famylje dowen (Columbidae). It is de iennige soarte yn it skaai Leptotrygon.

Mantsjes fan 'e soarte wurde oant 24,5 sm lang en wyfkes oant 22 sm. Se weagje sawat 155 gram. It gesicht fan in folwoeksen fûgel is wyt en giet yn in grize kleur op 'e kroan oer en in pearse efterkroan en nekke. De brede wite streek ûnder it each hat in smellere swarte streek derûnder. De boppedielen binne donker oliifbrún of pearsbrún. De kiel is wyt en de búk is bleek, mei readbrune bleke flanken. De nekke, it boarst en de boppedielen hawwe in grienige of pearse irisaasje.

De skaaien binne oer it algemien itselde, alhoewol't wyfkes somtiden in bleekwyt gesicht en kroan hawwe kinne. Jonge fûgels binne ferlykber, mar har fearren hawwe readbrune seamen en de irisaasje ûntbrekt.

De fûgel wurdt op 'e Karibyske hellingen fan súdlik Nikaragûa, Kosta Rika en Panama oantroffen en ek op 'e Pasifyske hellingen fan eastlik Panama oer westlik Kolombia oant de noardlike provinsje Esmeraldas fan Ekwador. Veraguaskwarteldowen libje yn tichte, wiete bosken, fral yn wiete ravinen, fan seenivo oant 900 m.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Veraguaskwarteldowen binne stânfûgels en rinne by fersteuring fuort. Se foerazjearje meast allinnich of yn pearkes en sykje nei sied, fruit en lytse wringeleazen. Se briede yn Kosta Rika fan jannewaris oant july en ek yn 'e rest fan it ferspriedingsgebiet binne yn dat tiidrek briedgefallen bekend. De nêsten wurde fan tûkjes yn 'e begroeiïng boud, likernôch 1 oant 2 m heech. In nêst bestiet út twa aaien.

De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list. It is yn it ferspriedingsgebiet in gewoane fûgel, mar de ferneatiging fan bosk hat sûnder mis in negative ynfloed op 'e populaasje en dêrfandinne wurdt der oannommen dat de oantallen tebek rinne. De populaasje waard yn 2016 op likernôch 20.000 oant 50.000 fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: