Veldhoven
Veldhoven | |||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Veldhoven is in stêd en gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. It plak hat 46.954 (1 jannewaris 2024) ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Veldhoven is op 1 maaie 1921 ûntstien troch it gearfoegjen fan 'e Kempyske gemeenten Veldhoven en Meerveldhoven, Oerle en Zeelst. Yn 1996, yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan 'e gemeente, waard in plakette set op it 'trijegemeentepunt': de geografyske lokaasje dêr't de trije eardere gemeenten oan inoar grinze. Dat punt leit yn 'e wyk ' t Look, in wyk dy't yn 1921 noch net bestie.
Yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw soarge de bou fan nije wenwiken derfoar dat de fjouwer oarspronklike doarpen Veldhoven Dorp, Meerveldhoven, Zeelst en Oerle oan inoar fêst groeiden ta ien grutte beboude kom. It doarp Oerle hat noch it meast it eigen karakter bewarre en makket, oars as de oare doarpen, diel út fan 'e regio Acht Sillichheden. It westen en suden fan 'e gemeente hawwe noch wat plattelân, dêr't beekjes lykas de Run, it Gender, de Poelenloop en de Bruggenrijt troch streame. It plattelân om Veldhoven hinne is ryk oan âlde doarpen mei monumintale pleatsen mei lange gevels en bosk mei prehistoaryske grêfheuvels.
Yn 'e gemeente binne spoaren fan bewenning fûn út de Romeinske tiid. De doarpen ûntstiene as agraryske mienskippen op sânrêgen tusken sompich gebiet. Zeelst en Oerle wurde al neamd yn 11e-iuwske dokuminten. De regio waard yn dy tiid ûnder it gebiet fan it hartochdom Brabân rekkene. Fanwegen syn lizzing op sânige grûn wie it eartiids in earm gebiet.
Yn 'e 19e iuw sette de yndustrialisaasje stadichoan útein, al bleau Veldhoven lang in plattelânsgebiet. De measte ynwenners wurken yn 'e lânbou of lytse ambachten. Benammen nei de Twadde Wrâldkriich, groeide Veldhoven hurd troch de útwreiding fan Eindhoven en de komst fan de hightech sektor.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Veldhoven stiet it haadkantoar it hightechbedriuw ASML. Yn 2009 wurken mear as 14.000 minsken by it bedriuw, hast in achtste diel fan 'e befolking fan 'e stêd. ASML is it heechste gebou (83 meter) yn Veldhoven. De gemeente hat in grut yndustry- en kantoargebiet oan 'e Gende, dêr't ek it op ien nei grutste sikehûs fan 'e stedsregio Eindhoven, Máxima Medysk Sintrum, ûnder falt .
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fleanfjild Eindhoven leit tichtby Veldhoven, op 'e grins mei Eindhoven yn Meerhoven, tichtby de sneldiken A2 en A67 .
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |