Vatrop
| Vatrop | ||
| Alde stoarmkearing by Vatrop | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Oar | ||
| Koördinaten | 52° 56' NB 5° 0' EL | |
| Kaart | ||
Vatrop is in buorskip op it eardere eilân Wieringen yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. vatrop leit eastlik fan Stroe en noardwestlik fan Easterlân, mar falt offisjeel ûnder Den Oever. It is lykas Stroe ien fan 'e âldste kearnen op Wieringen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 10e iuw wurdt der sprutsen fan Uaroth en yn 922 fan Forthrapa, dêr't *apa "wetter" of "stream" betsjut en Uaroth is sokssawat as "strân" of "by de kust" dus de namme kin dan "plak by de kust/streaming" betsjutte.[1]
Der moast neffens oerlevering in kleaster yn Vatrop stien hawwe. Dêr is lykwols neat fan dat kleaster weromfûn.
Dêr hat oant 1960 in grutte fiskmoalfabryk yn it plak stien. dat fabryk waard sletten itjinge in soad minsken noaske, om't dy fabryk aardich wat stankoerlêst joech. Dochs waard der yn 'e 1970-er jierren in plan foar it fannijs iepenjen op tafel lein. Dêr waard nei bot swierrichheid in part fan it fabryk ferboud ta in nijmoadriger ferzje, dochs net lang nei it iepenjen baarnde it hiele ding ôf. Neitiids waard net mear oan weropbouwen tocht.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By Vatrop is der noch in part fan 'e âlde stoarmkearings te sjen. Dy bestiet út betonnen boarstwarrings. De stoarmkearings moasten Wieringen better beskermje tsjin it wylde wetter fan 'e Waadsee. Hjoed-de-dei leit der ek in dyk op deltahichte. Op 'e dyk kin op oer it Waad sjoen wurde. By Vatrop leit ek in natoergebiet dat ûntstien is nei't de klaaigrûn dy't weihelle waard foar dykbou. Dêr bleau in grutte klaaiput oer en dat waard letter in natoergebiet.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Gemeente Hollâns Kroan | ||
|---|---|---|
| Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • De Haukes • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
| Utbuorrens: De Belt • Dam • De Elft • Gelderske Buorren • De Gest • De Heid • De Hoelm • Hollebalg • Kleine Sluis • Kreil • Moerbeek • De Normer • Noord-Stroe • Noordburen • Noorderbuurt • Oosterklief • Poolland • Smerp • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief • Zandburen | ||