Springe nei ynhâld

Varese

Ut Wikipedy
Varese
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Lombardije
provinsjeVarese
Sifers
Ynwennertal79.055 (31.07.2025)[1]
Oerflak54,84 km²
Befolkingsticht.1.441,56 ynw./km²
Hichte382 m
Oar
Postkoade26900
Koördinaten45°19' N 9°30' E
Offisjele webside
www.comune.varese.it
Kaart
Varese (Itaalje)
Varese

Varese is in stêd yn 'e Italjaanske regio Lombardije, net fier fan Milaan en tichteby de Switserske grins. De stêd leit oan 'e foet fan 'e Alpen oan 'e súdkant fan 'e Lago di Vares.

It gebiet fan Varese wie al bewenne foar de Romeinske tiid, nei alle gedachten troch de Keltyske Insubres. Under de Romeinen waard it diel fan 'e provinsje Gallia Cisalpina. Der binne Romeinske fynsten yn en om Varese ûntdutsen, mar de stêd sels wie net ien fan 'e grutte sintra. Tusken de Alpen en de Lombardyske flaktes wie it in krúspunt foar hannelsrûtes.

Nei it ferdwinen fan it Westromeinske Ryk kaam Varese ûnder it bewâld fan efterinoar de Ostrogoaten, Byzantinen en letter de Langobarden. Yn 'e 12e en 13e iuw waard it ûnderdiel fan it Lombardyske stêdebûn, dat liede soe ta de nederlaach fan Freark Barbarossa yn 1176.

De stêd kaam ûnder ynfloed fan Milaan en de famylje Visconti hie yn 'e 14e iuw de kontrôle oer it gebiet. Under de Sforza's fan Milaan (15e–16e iuw) ûntjoech Varese him ta in lyts, mar ryk regionaal sintrum. Sûnt 1535 stie Lombardije ûnder Spaansk Habsburchsk bewâld en Varese waard in bestjoerlik sintrum ûnder it Spaanske Milaan. Yn dy tiid waard de basis lein foar de lettere religieuze bouwurken, lykas de Sacro Monte di Varese, in hillige berch mei kapellen út de 17e iuw, dy't no op 'e UNESCO-wrâlderfgoedlist stiet.

Nei de Spaanske Suksesjeoarloch (1713) kaam Varese ûnder Eastenryksk bewâld. De stêd waard yn 'e 18e iuw bekend om de grutte filla's en parken, dêr't de Milaneeske adel simmerdeis ferbleau.

Yn 1859 fûn by Varese in lytse mar wichtige slach plak tusken de Italjaanske frijwilligers fan Garibaldi en de Eastenrykske troepen. De oerwinning fan Garibaldi op 26 maaie 1859 op 'e Eastenrikers holp by it úteinlik oansluten fan Lombardije by it nije Keninkryk Itaalje. De oerwinning by Varese wie in symboalyske, mar grutte opstekker foar de Italjaanske ienwurdingsbeweging.

Yn 'e 19e en iere 20e iuw groeide Varese út ta in yndustrystêd mei fral tekstylproduksje, masinebou en fytsefabriken (bygelyks Bianchi). Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de tsjinstesektor wichtich en ûntwikkele de stêd him mei de yn 1988 oprjochte Università dell'Insubria ta ûnderwiissintrum. Troch de marren, parken en de tichtebylizzende Alpen foarmet ek toerisme in wichtige boarne fan ynkommen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Palazzo Estense.
  • De Sacro Monte di Varese binne 14 kapellen mei foarstellings út it libben fan Marije. It is ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Hillige Bergen fan Piëmont en Lombardije.
  • It Palazzo Estense (18e iuw) is in troch de famylje d'Este boud paleis mei grutte tunen.
  • Varese telt in oantal neoklassisistyske filla's út de 18e en de 19e iuw, dy't boud waarden foar de Milaneeske adel.
  • De Kollegiale Basilika fan San Vittore is in oan Sint-Fiktor wijde tsjerke út de 18e iuw.

De Musei Civici di Varese binne in oantal musea op ferskillende lokaasjes mei:

  • Castello di Masnago (moderne en hjoeddeiske keunst)
  • Villa Mirabello (archeologyske kolleksjes).
  • Baroffio en Sacro Monte Museum (skilderijen fan 'e Lombardyske, Flaamske en Nederlânske skoalle fan 'e 15e oant 17e iuw).
  • Villa Menafoglio Litta Panza (moderne keunst)
  • Osservatorio astronomico G.V. Schiaparelli (astronomy)
  • Museo Tattile Varese (boumodellen)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: