Senegaleeske ljip
| Senegaleeske ljip | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Vanellus senegallus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Senegaleeske ljip (Vanellus senegallus) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De fûgel falt op troch syn giele hûdflap by de snaffel, in eigenskip dy t er mei de wytkrúnljip, Malabarljip en maskerljip dielt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Senegaleeske ljip wurdt trochstrings 34 sm lang en weaget tusken 197 en 277 gram. De ljip hat lange giele poaten en giele hûdflappen by de snaffel, wylst it boppeste part fan 'e hûdflap read is. Op 'e foarholle hat de fûgel in wyt plak, om it each is in giele eachring en de snaffel is giel mei in swarte punt. De ljip hat in brúngrize kleur. Yn 'e flecht brune dekfearren en swarte slachpinnen te sjen binne te sjen mei in wite streek oer de wjuk. De ûnderkant fan 'e wjuk is meast wyt mei in swarte punt.[1]

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Senegaleeske ljip is benammen in stânfûgel, dy't yn in grut part fan Afrika ûnder de Sahara briedt, útsein de reinwâldgebieten. Lokaal migrearret de fûgel lykwols ôfhinklik fan it seizoen.
De soarte is te ferdielen yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Vanellus senegallus senegallus – Senegal en Gambia oant súdlik Sûdan, noardeastlike Demokratyske Republyk Kongo en noardlik Uganda
- Vanellus senegallus major - Eritreä en Etioopje
- Vanellus senegallus lateralis – súdlike Demokratyske Republyk Kongo en Angoala oant Mozambyk en noardeastlik Súd-Afrika
De ûndersoarten ferskille yn geografyske fersprieding, mar ha gjin opfallende ferskillen yn it fearrekleed.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De briedtiid falt tegearre mei it reinseizoen en kin regionaal fariearje. De fûgel leit trije oant fjouwer aaien yn in kûltsje yn 'e grûn op wiete greidlân. Hy foerazjearret faak op drûgere grûn, dêr't er nei ynsekten en oare wringeleazen siket.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat de oantallen ôfnimme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 60.000 en 210.000 folwoeksen fûgels rûsd.
De soarte libbet yn sompen, wiet gerslân en oan rivieren en wurdt lokaal bedrige troch ferlies fan habitat as gefolch fan útwreiding fan stêden en bebouwing, lânbou-útwreiding en drainaazje fan wiete gebieten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Ljip
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
