Andesljip
| Andesljip | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Vanellus resplendens | ||||||||||||
| Tschudi, 1843 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Andesljip (Vanellus resplendens) in fûgel yn it skaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt likernôch 33 sm lang en folwoeksen fûgels ha in krêmgrize kop en nekke mei in brune eachstreek. De boppedielen binne brûnsgrien mei in poarperkleurich plak op 'e dekfearren fan 'e wjuk. It boarst is donkergriis en de búk wyt. De snaffel is readeftich mei in donkere punt, it each is read en de poaten binne allyksa. Jonge fûgels ha in brunige kop en nekke, bleke plakken op it boarst en bleke franjes oan 'e fearren fan 'e boppedielen. It hijke en sijke binne fierder gelyk en ha it hiele jier itselde fearrekleed.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar fan 'e Andes fan súdwestlik Kolombia oant noardwestlik Argentynje en noardlik Sily. De soarte wurdt as monotypysk behannele, wat sizze wol dat er net ferdield is yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Andeskievit wurdt yn wiete gebieten en by marren oantroffen yn heechlannen fan boppe 3000 meter, mar siket winterdeis ek legere dielen op. De fûgel libbet meastentiids yn pearkes of losse kloften.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet is grut en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2025)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
