Grutte swartwjukljip
| grutte swartwjukljip | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Vanellus melanopterus | ||||||||||||
| Cretzschmar, 1829 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De grutte swartwjukljip (Vanellus melanopterus) in fûgel yn it skaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte swartwjukljip hat in oer it generaal kontrastryk fearrekleed. De kop, nekke en it boarst binne griis mei boppe de snaffel in wyt plak. Syn rêch en skouderfearren binne ljochtbrún, wylst de boppewjukken fierder in wite balke toane en de bûtenste fearren swart binne. De búk is wyt en stekt ôf tsjin de rest fan it lichem. In part fan 'e ûnderwjukken binne wyt mei in nei bûten ta grutter wurdende swart ûnderrâne. De sturt is wyt mei in brede swarte einbân. De poaten binne relatyf lang en griisread en de snaffel is koart en swart.
Tusken hijkes en sijkes binne de ferskille lyts; it wyfke is faak wat minder skerp tekene. Jonge fûgels hawwe in doffer, brunich fearrekleed.
De lytse swartwjukljip (Vanellus lugubris) liket op 'e besibbe grutte swartwjukljip, mar is dúdlik lytser, hat in minder brede swarte boarstbân, in minder skerp kontrast en gjin opfallende reade eachring lykas de grutte swartwjukljip.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte swartwjukljip komt yn dielen fan East– en Súd-Afrika foar. Yn East-Afrika libbet de nominaatfoarm fan 'e heechlannen fan Etioopje en ek wol Eritreä en noardwestlik Somaalje en yn Sintraal-Kenia. Yn Súd-Afrika, Mozambyk, Lesoto en eastlik Súd-Afrika komt de ûndersoarte Vanellus melanopterus minor foar. Beide ûndersoarten foarmje apart fan inoar lizzende populaasjes.
Grutte swartwjukljippen libje yn gerslân mei koart gers yn heechlannen, greiden en oare kultivearre gebieten mei koart gers.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
- Vanellus melanopterus melanopterus
- Vanellus melanopterus minor
Tusken de ûndersoarten binne hast gjin ferskillen yn it fearrekleed. De melantopterus is wat grutter as de minor.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De briedtiid falt yn Etioopje tusken maart en july en yn Kenia en Tanzania it hiele jier troch, ôfhinklik fan de delslach. De soarte nesket yn in kûltsje yn 'e grûn mei wat gers. In lechsel bestiet út 1 oant 4 aaien en hijkes en sijkes briede se alletwa út. De ynkubaasjetiid is rûchwei 30 oant 31 dagen en de jonge piken bliuwe by de âlden oant se fleane kinne. It iten bestiet foar it grutste part út termiten, fierders imerkes, mychammels, krobben, spinnen, wjirmkes esfh en somtiden sels lytse fiskjes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list. Bedrigingen foarmje habitatferlies, feroaringen yn 'e lânbou, urbanisaasje en klimaatferoaring. De grutte swartwjukljip is ek opnommen ûnder it Agreement on the Conservation of African-Eurasian Migratory Waterbirds (AEWA).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
