Springe nei ynhâld

Steppeljip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vanellus gregarius)
steppeljip
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaailjippen (Vanellus)
soarte
Vanellus gregarius
Pallas, 1771
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     trekfûgel
     wintergast
     mooglik útstoarn

De steppeljip (Vanellus gregarius) is in fûgelsoarte yn it skaai ljippen (Vanellus) út de famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Steppeljip.

De fûgel is 27 oant 30 sm lang en yn ferlikening mei de gewoane ljip wat lytser en mei langere poaten. Yn sawol it simmer- as it winterkleed binne de poaten swart, lykas ek de koarte snaffel. De fûgel hat in wite of ljochte wynbraustreek en in wite sturt mei in brede swarte sturtbân. Dernjonken hat er trijekleurige boppewjukken mei griisbrune dekfearren, wite sekundêre slachpinnen en swarte wjukeinen. De rêch is griisbrún. Der is hast gjin sprake fan seksuele dimorfy.

Simmerdeis ha folwoeksen fûgels in griisbrune rêch en in rôzebêzje boarst. De búk is donker en leger kastanjebrún oergeand yn in wite stút. De kop hat in ûnderskiedend patroan mei in swarte kroan en in swarte eachstreek, dy't boppe en ûnder troch wyt wurdt begrinzge. It boppeste diel fan 'e nekke hat in waarme sânkleur. Winterdeis is it patroan fan 'e kop minder skerp, is de rêch wat bruner en binne it boarst en de búk wyt.

Jonge fûgels hawwe op 'e boppedielen in ljocht skobbich patroan en in dizich streekjespatroan op it boarst.

De steppeljip is in trekfûgel en briedt yn Euraazje yn Ruslân en Kazachstan. Hy migrearret yn 'e hjerst nei it suden troch Kirgyzje, Tadzjikistan, Oezbekistan, Turkmenistan, Afganistan, Armeenje, Iran, Irak, Saûdy-Araabje, Syrje, Turkije en Egypte nei de wichtichste oerwinteringsgebieten yn Israel, Syrje, Eritreä, Sûdan, Etioopje en noardwestlik Yndia. Hy oerwinteret út en troch ek yn Pakistan, Sry Lanka en Oman.

De soarte is in seldsume swalker yn West-Europa, dêr't er it meast foarkomt tegearre mei de gewoane ljip.

De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aaien fan 'e steppeljip.

De steppeljip is in fûgel fan iepen en drûge lânskippen yn gebieten mei in sâlte boaiem mei koarte fegetaasje. Hy komt ek yn kultivearre gebiet foar. Winterdeis libbet de fûgel op drûge steppes, faak yn 'e buert fan wetter. Op it Arabysk Skiereilân oerwinterje se yn woastinen tichteby de kust. It iten bestiet út imerkes, krobben, larven, spinnen en wjirms en út en troch plantaardich materiaal.

It briedseizoen duorret fan mids april oant july. De steppeljip is monogaam en briedt yn lytse koloanjes fan trije oant 20 pearen. It nêst leit op 'e grûn tusken lege begroeiïng. Se briede ien kear en in lechsel bestiet meastentiids út fjouwer aaien, mar trije oant fiif komme foar. De aaien wurde yn sawat 25 dagen útbret, wêrnei't beide âlden foar de piken, dy't nei 35-40 dagen útfleane.

De trek nei it suden begjint yn augustus-septimber en somtiden noch let yn oktober. Se komme foar de trek yn grutte kloften byinoar, mar de migraasje sels fynt yn lytsere kloften fan 15-20 fûgels plak.

Yn 2004 kategorisearret BirdLife International de soarte as kritysk fanwegen in rappe ôfname fan 'e oantallen en fermindering fan ferspriedingsgebiet, wêrfan't de oarsaken noch altiten net goed begrepen wurde. Yn Kazachstan naam de briedpopulaasje tusken 1930 en 1960 mei 40% ôf en tusken 1960 en 1987 waard de populaasje fierder halvearre. Fjildstúdzjes hawwe lykwols oantoand dat de wrâldpopulaasje grutter is as earder tocht en fierdere stúdzjes kinne derta liede dat de fûgel yn 'e takomst yn in legere bedrigingskategory set wurde kin. De wrâldpopulaasje wurdt op it stuit op 11.200 briedende fûgels rûsd (2006).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: