Springe nei ynhâld

Bûnte ljip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vanellus armatus)
bûnte ljip
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaailjippen (Vanellus)
soarte
Vanellus armatus
Burchell, 1822
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De bûnte ljip (Vanellus armatus) is in fûgelsoarte fan it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

De 28 oant 31 sm lange en 125 oant 225 swiere fûgel hat in swart, wyt en griis fearrekleed mei in skerpe tekening. De bûtenkant fan 'e wjuk is griis en de binnenkant swart. It boarst en de bopperêch binne ek swart. De ûnderkant fan 'e sturt en de wjukken binne wyt oant ljochtgriis. De kop is swart mei wite plakken op 'e foarholle en nekke en de fûgel hat djipreade eagen. Syn lytse snaffel is donkergriis, de poaten binne lang en op 'e wjukbocht sit in spoar. Beide skaaien binne gelyk.

De bûnte ljip komt foar by marren en sompen yn eastlik en súdlik Afrika. Hy wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat er net yn in ûndersoarten ferdield is. Genetyske stúdzjes suggerearje dat syn neiste sibben de wytkrúnljip (Vanellus albiceps) en spoarljip (Vanellus spinosus) binne. Hybridisaasje mei de spoarljip is yn Malawy waarnommen, mooglik ek yn Kenia.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bûnte ljip is bûn oan wiet lân, alhoewol't er ek foerazjearret op drûch lân. De âlden beskermje de piken agressyf en doarre ek grutte fûgels of bisten oan te fallen.

Bûnte ljippen ha in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, ). De wrâldpopulaasje wurdt op 100.000 oant 1.000.000 fûgels (Wetlands International 2023) rûsd.

Briedende fûgel
Nêst
Pyk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: