Springe nei ynhâld

Ljippen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vanellus)
Ljippen
De gewoane ljip
De gewoane ljip
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje:wilsterfûgels (Charadriidae)
skaai:Ljippen (Vanellus)
Brisson, 1760

Ljippen (Vanellus) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje fan 'e Wilsterfûgels.

De fûgels ha faak relatyf lange poaten en koarte snaffel. De poaten binne oanpast foar it wâdzjen yn ûndjip wetter of sompich lân. Se ha somtiden in opfallende túf of koptekening, mar net by alle soarten. By in oantal soarten is in spoar, in klau-eftige útgroei, oan 'e wjuk, wêrmei't se har tsjin fijannnen ferdigenje. In soad fertsjintwurdigers fan it skaai ha kontrastearjende patroanen yn swart, wyt, brún of griis. In pear soarten ha ek in opfallende giele hûdflap by de snaffel. Guon fûgels binne trekfûgels of foar in part, oare soarten binne stânfûgels.

It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit yn Euraazje, Afrika, Súd- en Midden-Amearika en Súd- en Súdeast-Aazje.

It skaai telt 23 soarten. Ien dêrfan is nei alle gedachten útstoarn: fan 'e Javaanske ljip binne sûnt 1940 gjin betroubere waarnimmingen dien.

Libbene soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus/
Trend
ljipVanellus vanellusEuraazjehast bedrige, [1]
langteanljipVanellus crassirostrisEastlike dielen Afrikanet bedrige, ûnbekend[2]
bûnte ljipVanellus armatusSúdlik Afrikanet bedrige, [3]
spoarljipVanellus spinosusSub-Saharaansk Afrika, lokaal yn it Midden-Eastennet bedrige, [4]
rivierljipVanellus duvauceliiEastlik Yndia oant Súdeast-Aazjehast bedrige, [5]
swartkopljipVanellus tectusSub-Saharaansk Afrikanet bedrige, ûnbekend[6]
MalabarljipVanellus malabaricusYndia en syn grinsgebietennet bedrige, ûnbekend[7]
wytkrúnljipVanellus albicepsWest-Afrikanet bedrige, [8]
lytse swartwjukljipVanellus lugubrisSintraal-Afrika, East-Afrika, lokaal yn West-Afrika, Etioopje, Kenia, Tanzania, Súd-Afrikanet bedrige, ûnbekend[9]
grutte swartwjukljipVanellus melanopterusEtioopje, Kenia, Tanzania, Súd-Afrikanet bedrige, ûnbekend[10]
kroanljipVanellus coronatusEastlik Afrika oant súdlik Afrikanet bedrige, [11]
Senegaleeske ljipVanellus senegallusAfrika ûnder de Sahara, net yn reinwâldennet bedrige, [12]
stippelboarstljipVanellus melanocephalusEtioopjenet bedrige, ûnbekend[13]
brúnboarstljipVanellus superciliosusSintraal-Afrikanet bedrige, ûnbekend[14]
griiskopljipVanellus cinereusSúdeast-Aazje, East-Sina, Japannet bedrige, stabyl[15]
Javaanske ljipVanellus macropterusJavakrityk, mooglik útstoarn [16]
Yndyske ljipVanellus indicusFan súdeastlik Turkije oant Yndia en Súdeast-Aazjenet bedrige, ûnbekend [17]
swartbânljipVanellus tricolorAustraaljenet bedrige, stabyl[18]
maskerljipVanellus milesNoard-Austraaljenet bedrige, [19]
steppeljipVanellus gregariusSintraal Aazje fan súdlik Ruslân en eastlik Turkije oant West-Yndiakrityk, [20]
wytsturtljipVanellus leucurusEgypte, Sûdan, Midden-Easten oant Sintraal-Aazjenet bedrige, ûnbekend[21]
Sileenske ljipVanellus chilensisSúd-Amearika, súdlik diel fan Midden-Amearikanet bedrige, [22]
AndesljipVanellus respendensEkwador oant it noardwesten fan Argentynjenet bedrige, stabyl[23]

Fossile soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrnjonken binne der noch ferskate soarten dy't inkeld bekend binne fan fossile of subfossile restanten:

De lêste trije soarten lykje tige nau besibbe west te hawwen oan 'e Sileenske ljip (Vanellus chilensis).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: